Reiddekkers moatte Sineesk reid djoer betelje troch hege transportkosten

De prizen fan reid binne ûntploft. De ferfierskosten fan it tige populêre en earder ek goedkeape reid út Sina binne yn koarte tiid omheech sketten. Dat fernimt ek Feije Sikkema fan Rietdekkersbedrijf Sikkema út Tytsjerk.
Priiseksploazje reidmerk troch hege transportkosten Sina
In grut part fan it reid wurdt út Sina helle. Waard der earder noch 1.300 dollar betelle foar it ferfier fan in kontener mei it natuerprodukt, no is dat al 18.000 dollar. En dat driuwt de prizen yn de hiele merk op. Dêrby komt ek nochris dat reid op it dak hieltyd populêrder wurdt, sadat ek de fraach oerein bliuwt.
Sikkema: "De prizen binne omheech gongen, omdat de Sineeske ymport yn 'e maitiid stil kaam te lizzen trochdat de konteners hartstikke djoer wienen. Trochdat der gjin Sineesk oanbod is, is de Europeeske en Nederlânske merk gewoan leechkocht. Kollega's dy't oars allinnich mar Sineesk reid brûkten, brûke no fansels ek it oare reid. Dêrtroch is der no in krapte ûntstien."
Feije Sikkema hat in reiddekkersbedriuw yn Tytsjerk. Al it reid dat hy hat, is al fersein. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Reidhannelers hawwe no mei elkoar bulkskippen ynhierd om in hiel soad reid yn ien kear út Sina te heljen. Dêrmei besykje sy de problemen mei de konteners te omsilen.
Earder siet it goedkeape Sineeske reid de Fryske reidsnijers noch wolris yn it paad. Mar no kinne se troch de krapte in bettere priis ôftingje by de reiddekkers. De sektor besiket dy hegere prizen wer troch te berekkenjen oan de klant.