Alyda Norbruis wol noch ien kear flamje: "Bliid dat ik der noch hieltyd bin"

24 aug 2021 - 16:30

Yn ús rige oer de Paralympyske Spelen folgje we de Fryske sporters dy't nei Tokio meie. Baanhurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp giet op 32-jierrige leeftiid nei har lêste Spelen. "Ik bin grutsk op wat ik delset ha."

Alyda Norbruis wol noch ien kear flamje

"Sjoch, sa begjinne we altyd de starttraining", seit Alyda Norbruis, wylst se yn de midden fan in grutte sporthal yn Apeldoorn stiet. Om har hinne leit in houten baan, dêr't se de hiele dei rûntsjes ôfleit.

Mar earst fytst se yn rap tempo op in hometrainer. "We smite eins alles der fuort fol gas yn, dan ferkrampe je letter net", seit Norbruis. Nei in heal oerke op de hometrainer pakt se in helm en rint mei har fyts de echte baan op. Har trainster set in apparaat klear, dêr't Norbruis har fyts yn klikt.

Norbruis springt op de fyts dy't kearsrjocht op de skeane baan stean bliuwt. "Dit dogge we dei yn, dei út op wei nei Tokio. Je traine elke dei in lyts ûnderdiel fan it grutte gehiel. Krekt sa as no, dan dogge wy allinnich de start. Moarn pakke we wer in oar aspekt."

Alyda Norbruis - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Norbruis is trije moannen te betiid berne, tagelyk mei har twillingsuske. Dêrtroch krige Alyda in harsenblieding en rekke se spastysk en ferlamme. Foar har sport hat se faak te krijen mei in tsjinstelling.

"Hoe mear oft ik my ynspan, hoe mear ik bewegingen krij dy't ik net ûnder kontrôle hâlde kin. Al dy bewegingen en ferkrampingen, mar je moatte just besykje om fol gas te gean. De hânrem giet derop, mar dy moat der eins ôf want je wolle foarút."

Alyda Norbruis - Foto: ANP

Alyda Norbruis is gjin lytse namme yn de sport. Se docht al jierren yn de top mei. Yntusken is Norbruis 32 en rint se op de ein fan har karriêre. Dat nimt se mei nei Tokio, dêr't se harsels net als favoryt sjocht. "Ik wie altyd de bêste op de 500 meter tiidrit, mar dat is net mear sa. It is dus ek net realistysk om foar goud te gean."

Soks meitsje je, hooplik, nea wer mei.

Alyda Norbruis hopet dat der gau wer publyk by de wedstriden wêze mei

Dit jier sil der gjin publyk wêze om har oan te moedigjen. Troch corona is dat net tastien, mar neffens Norbruis is dat gjin probleem. "Ik moat just genietsje dat it oars is, yn stee fan dertsjin oan skoppe dat it frjemd is. It is gewoan wol unyk. Soks meitsje je, hooplik, nea wer mei. Dus dan kinne je altyd sizze: dêr wie ik by. Dat je as âld froutsje sizze, dat je derby wiene", relativearret se.

"Ik sit yn de lêste faze fan myn topsportbestean. Ik kin der hiel bot om 'sikkeneurje', mar ik kin better genietsje", seit Norbruis. "Ik draai it leaver om. Ik bin hiel bliid dat ik der noch hieltyd bin, dat ik nei Tokio mei en dat ik in moai libben hân ha as topsporter."

Wannear komt Alyda Norbruis yn aksje?

- Woansdei 25 augustus - 03.00 oere - 3 kilometer efterfolging

- Freed 27 augustus - 03.00 oere - 500 meter tiidrit

(Advertinsje)
(Advertinsje)