Fleantúch mei spandoek ferwolkommet nije studinten yn Ljouwert

Nije studinten yn Ljouwert binne tiisdei ferwolkomme troch in fleantúchje mei in spandoek. Dêrop stiet 'new students: big welcome'.
Op it spandoek stiet 'new students: big welcome'
It nije skoaljier yn it heger ûnderwiis stiet op it punt fan begjinnen. Ferline wike wie de yntroduksjewike yn Ljouwert. It festival LEIP! mei tûzenen studinten op it Aldehoustertsjerkhôf koe net trochgean fanwegen de coronaregels.
Dit jier diene studinten yn lytse groepen mei oan apekoai en in firtuele spinningles. Foar guon is it wol dreger om mei oare studinten yn de kunde te kommen.