Rôze Saterdei yn Ljouwert hat noch hieltiten gjin fergunning

Der is noch hieltiten gjin fergunning jûn foar Rôze Saterdei yn Ljouwert. Dit jier moat op 16 oktober de hiele stêd yn it ramt fan de feestlike dei stean.
De Pride yn Amsterdam © Shutterstock / kavalenkava
Rôze Saterdei is in feestlike dei wêrop't ferskillen en oerienkomsten mei in "pride door de grachten en een themamarkt" fierd wurde, en ek omtinken frege wurdt foar geweld tsjin de LHBTI+mienskip, is te lêzen op de webside fan de organisaasje.
Alle jierren wurdt yn ien stêd yn Nederlân yn juny Rôze Saterdei holden, dit jier mei Ljouwert it feest organisearje. Troch corona is de dei al in pear kear ferpleatst, no is besletten om de dei op 16 oktober te hâlden. De fergunning foar de dei is lykwols noch net rûn.

Fergunning wol tichtby

De organisaasje moat foar 30 augustus dúdlikheid ha oer de fergunning. Neffens Jan Gaastra fan de organisaasje is de fergunning fierhinne rûn: "Negentig procent van de vergunning is in orde. Er moeten nog wat aanvullingen gedaan worden omdat natuurlijk steeds dingen veranderen. De covid-protocollen hoeven pas half september ingeleverd te worden, dus er zit nog wel wat lucht in. En het grootste gedeelte is al klaar, omdat wij de setup van City Proms een week daarvoor gebruiken."
Neffens Gaastra hinget it ferrin fan de dei wol sterk ôf fan de ûntwikkelingen fan de coronamaatregels. "Als je een plein op anderhalve meter moet inrichten waar je tienduizend mensen verwacht, dat kan dus niet."
De Fryske reinbôgeflagge © Dokkumer Vlaggen Centrale
It wie al bysûnder dat it feest in jier opskood wurde koe, dus der hinget wol in soad fan de regels ôf, seit Gaastra. "Als we 'm dit jaar niet kunnen doen, dan zijn we 'm kwijt." De stêden fan takom jier en it jier dêrop binne al bekend makke. "Je kunt niet al die steden weer gaan opschuiven."

Coronamaatregels grutter probleem

Op 17 septimber is de folgjende parsekonferinsje. Gaastra hâldt hoop op ferrommingen, mar is ek realistysk: "Ik ga er niet van uit dat alles meteen vrijgegeven wordt. We hebben daarna natuurlijk nog een maand, maar we zitten ook met onze acts die uit het buitenland komen. Dat moet allemaal wel betaald worden en die vliegtickets moeten op een gegeven moment wel besteld worden."
As it evenemint wol ûnder de eveneminten falt dy't op oardel meter holden wurde moatte, dan meie der maksimaal 750 minsken komme en sil der strange kontrôle wêze moatte.
Gaastra wit net oft it dan noch wol itselde wurde kin: "Dan zal je online dingen moeten gaan doen, er zijn natuurlijk mogelijkheden genoeg. Maar of je dan nog zo'n feest hebt, dat vraag ik me af."
Jan Gaastra oer it organisearjen fan Rôze Saterdei yn coronatiid