Lichem oanspield op strân fan Skylge

Op it strân fan Skylge is tiisdeitemoarn it lichem fan in man oanspield. Dat hat de plysje bekend makke.
Helptsjinsten op it strân fan Skylge © ProNews
De plysje docht noch ûndersyk nei de identiteit fan de man en de tadracht fan syn ferstjerren.
It is dus noch net bekend oft it om de man giet dy't ferline wike fan in cruiseskip oerboard fallen is. Ferline wike is lang socht nei de man, mar sûnder sukses.