Frysktalige phishing: oplichters witte Frysk te finen op Google Translate

24 aug 2021 - 12:22

Bêste yn 'e Heare, mei alle respekt en minsklikheid, waard ik twongen om te skriuwen op in humanitêr mêd. Dy tekst rint net hiel goed, mar it makket dúdlik dat mailoplichters ek it Frysk witte te finen op Google Translate.

Foto: Omrop Fryslân

In phishing mail fan iene Helen Chirs begjint mei dy minne tekst. Se wol jild ha: 2,7 miljoen euro. Oersetter Anne Popkema fan taalburo Popkema kin der wol om laitsje. "In mylpeal foar it Frysk", seit er. "As minsken yn it Frysk om jild freegje, ha se by my altyd in streekje foar."

De stavering yn it berjocht is prima, sjocht Popkema. "In stik better as de gemiddelde Fries. Wat dat oanbelanget docht se it net sa raar. Mar de sinnen rinne ferkeard, dêroan sjochst dat it gjin Fries is dy't dit skreaun hat."

De flaters sitte 'm dus yn de sinsbou, neffens Popkema. "Der stiet bygelyks myn dokter fertelde my dat ik folgjende 3 moannen net soe duorje fanwegen kankerprobleem. Dat is perfekt stavere, mar gjin goede sin. En dat hearre wy Friezen wol. Soe duorje moat duorje soe wêze, dat witte we allegear."

Masinefrysk

Boppedat is de betsjutting fan de sin net dúdlik. "Yn it Ingelsk soe it wêze My doctor told me I would not last. Mar yn it Frysk brûkst dan net it wurd duorje, mar dan soest sizze dat ik it net folhâld. Sa kinst sjen dat dit in masine west hat."

Dy masine is nei alle gedachten Google Translate. In skoft lyn ha in groep Friezen en Fryske organisaasjes dwaande west om safolle mooglik wurden en sinnen yn te fieren yn de oersetmasine fan Google.

We sjogge dat Google Translate foar it Frysk net op it nivo kaam is dêr't it komme moat.

Anne Popkema

"De Fryske Google Translate-wike hat net foar neat west", skriuwt deputearre Sietske Poepjes op Twitter as reaksje op de phishing mails.

Popkema: "Kenlik witte de minsken achter dizze phishing mails no ek it Frysk te finen op Google Translate. Dat hienen se fiif jier lyn echt net dien. Tagelyk sjogge we ek dat Google Translate foar it Frysk net op it nivo kaam is dêr't it komme moat. Dus dit is ek in pleit om der noch even goed oan te skuorren mei ús allen."

Hy wol ek in oprop dwaan oan de Fryske Akademy: "Hoe soenen we yn it Frysk phishing skriuwe moatte?"

De Akademy hat dêr yntusken in antwurd op:

Anne Popkema oer Frysktalige phishing mails

(Advertinsje)
(Advertinsje)