Stânbyld Betje en Roosje Cohen stiet op nij plak yn Ljouwert

It stânbyld fan de Joadske twilling Betje en Roosje Cohen hat tiisdei in nij plak yn Ljouwert krigen. It monumint stiet no op de Beursbrêge, op 'e hoeke fan de Willemskade en it Zuiderplein.
It stânbyld fan Betje en Roosje Cohen stiet no op de Beursbrêge
It byld fan de sussen stie earst by de spoaroergong by de Skrâns, mar nei't dy krusing opnij ynrjochte waard, kaam it op in flechtheuvel te stean. Nei krityk waard besletten om in oar plak te sykjen. Dêrnei stie it earst in skoft yn in gemeentlike opslach.
De Ljouwerter twillingsussen ferkochten jierren guod op de feemerk by it stasjon en op de Skrâns. Se oerlibben de Twadde Wrâldoarloch om't se beiden trouden mei in net-Joadske sigarehanneler. Yn 1988 kaam it byld by de spoaroergong op de Skrâns te stean om it ferhaal net te ferjitten.
It byld op it nije plak © Klaas Sijbesma
Ria Pool fan Ljouwert hat har bot ynset foar in moai plakje foar it stânbyld fan Bertje Cohen. Sy liet earder al witte wiis te wêzen mei it nije plak. "Minsken komme derdel en sjogge it ek better. Ik fyn it wol in moai plak, sa wurdt it net weistoppe. En it stiet moai yn 'e midden fan wêr't beide sussen wennen en wurken."
© Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk