Sân sinkholes op It Hearrenfean: "Libbensgefaarlik"

24 aug 2021 - 08:38

De protten reinwetter dy't snein yn dielen fan de provinsje foelen, soargje dat de bûtentsjinst fan de gemeente Hearrenfean it noch hieltyd drok hat. Der binne dit wykein sân sinkholes ûntstien. "Libbensgefaarlik", seit Peter van der Honing, wykteamlieder fan de gemeente Hearrenfean.

De brânwacht fan It Hearrenfean moast snein ferskate kearen yn aksje komme - Foto: Noordernieuws

It neednûmer fan de gemeente is dit wykein fyftich oant sechstich kear belle. En de gemeente kin dan lang net altyd helpe. Van der Honing: "De measte minsken belje omdat se driigjende wetteroerlêst yn de wenning ha. De rioelearring kin it by sokke ekstreme omstannichheden gewoan net oan."

Achteroan de wyk, foaroan by de problemen

En dat wylst de rioelearring wol wurket sa't it moat. "Dan is de konklúzje dus dat der te folle wetter falt. En as je achteroan wenje yn de wyk en as lêste oan de rioelearring sitte, rint it wetter ek as lêste fuort. Dy minsken ha dus as earste problemen."

Op It Hearrenfean foel snein 75 milimeter rein neffens Weeronline. Yn trochsneed falt yn Nederlân 78 milimeter yn hiel augustus. De kâns dat der in soad delslach falt, is troch klimaatferoaring grutter wurden. Dêr is de rioelearring net op taret, seit Van der Honing. "Nei oanlieding fan wat der ôfrûne snein bard is, nim ik oan dat dernei sjoen wurdt."

Gatten yn de dyk

Dêr kin de gemeente net op koarte termyn in soad oan dwaan. By meldingen fan sinkholes komme se wol fuortendaliks yn aksje. "Dan komme der holtes ûnder it strjitwurk en mei ekstreme delslach ûntsteane gatten yn de dyk. Dat is ôfrûne wykein in kear as sân bard."

De gemeente skeakelet dêr oannimmers foar yn, mar hat wol meldingen fan de ynwenners nedich. "We kinne net alles sels sjen."

Dit jier hat Hearrenfean al ferskate kearen te krijen hân mei wetteroerlêst nei in soad delslach. "Dat ha ik noch net sa faak meimakke yn in jier", seit Van der Honing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)