Gjin bewiis fan 'ernstig' diereleed: anty-suvelkampanje moat oanpast wurde

De aksjegroep Dier&Recht moat syn anty-suvelkampanje oanpasse. Dat hat de rjochtbank yn Amsterdam moandei bepaald. It koart pleit wie oanspand troch de boere-aksjegroep Agractie.
Dizze poster mei wol hingjen bliuwe © Dier&Recht
Neffens de rjochtbank giet de kampanje oer de grins fan frijheid fan mieningsutering en is er skealik foar de melkfeehâlderijsektor.
Dier&Recht seit yn de kampanje dat it brûken fan suvel earnstich diereleed feroarsaket, mar neffens de rjochtbank is dêr gjin bewiis foar. Dier&Recht moat de posters mei de kwalifikaasje 'ernstig' foar tongersdeitejûn oanpasse.
De kampanje op de eigen webside moat ek oanpast wurde.
De aksjegroep tinkt deroer om yn heger berop te gean, mar hellet de posters mei de kwalifikaasje 'ernstig' wol fuort. Fierder giet de kampanje wol troch.
Yn dit artikel stie earst dat de kampanje hielendal stillein wurde moast fan de rjochter. Dat is net sa. Allinnich de posters dêr't it oer "ernstig dierenleed" giet moatte fan de rjochter fuort.