Bangma giet foar goud op Paralympics, mar: "Titel op kilometer kan ik niet verdedigen"

23 aug 2021 - 16:30

"Een ding is zeker: mijn paralympische titel op de kilometer ga ik niet verdedigen." Dat seit hurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek yn oanrin nei de Paralympyske Spelen, dy't tiisdei úteinsette. Dat seit hy net om't er net yn foarm is, mar om in hiele oare reden...

Tristan Bangma yn tarieding op de Paralympyske Spelen:

Yn 2016 wûn Bangma, dy't mar ien persint sicht hat, mei piloat Teun Mulder it goud op de ien kilometer op de baan. In echt sprintûnderdiel. Yntusken hat Bangma him mear talein op de doerûnderdielen.

"Ik ben nu een heel ander type renner", seit Bangma. "Dat kan je echt niet meer met elkaar vergelijken."

'Hiel bysûnder'

Mulder hold der nei de Spelen fan 2016 mei op en dus moast Bangma op syk nei in oare piloat. Dy fûn hy yn Patrick Bos. In âlde bekende, want mei Bos pakte Bangma yn desimber 2013 foar it earst earemetaal op in NK.

"Dat is natuurlijk super bijzonder. Daar begon het echt voor mij. Dat was echt een droom die uitkwam", seit Bangma, dy't him dat noch goed yn 't sin helje kin. "En dat samen met Patrick, die ik in 2012 op tv had gezien als de tandemwielrenner."

"Dat was toen tegen Teun Mulder. Nu weet ik dat ik samen met Teun naar de Spelen in Rio ben geweest en daar ook nog eens goud heb gewonnen. De cirkel is eigenlijk rond, want nu fiets ik weer met Patrick en gaan we samen naar de Spelen", seit Bangma.

Tristan Bangma en Patrick Bos yn 2019 - Foto: ANP Foto

Bos is folle mear in hurdfytser foar de doerûnderdielen en dus hat ek Bangma syn fokus dêr no op lein. "De 4 kilometer achtervolging en de wegwedstrijd, dat zijn voor ons de twee belangrijkste onderdelen. Daar hebben we ook de grootste kans om een medaille te winnen."

Hoe't de kânsen krekt lizze, fynt Bangma dreech yn te skatten. "Het hangt van zoveel factoren af. De concurrentie gaat supergoed zijn", seit de Fries. "We moeten vooral naar onszelf kijken en onze taken goed uitvoeren. Ik denk dat er dan iets heel moois mogelijk is, maar wat het dan is..."

"Als we doen wat we moeten doen, dan maken we zeker wel kans om te winnen. Maar het is geen een-tweetje", warskôget Bangma, dy't mei Bos op trije ûnderdielen yn aksje komt. Neist de efterfolging en de wedstriid op de dyk, ride se ek noch de tiidrit op de dyk.

Famylje

As de hurdfytsers in medalje winne yn Tokio, dan sille se dat net direkt fiere kinne mei harren famylje en freonen. Fanwegen de coronapandemy meie dy net mei nei Japan. "Dat is heel erg jammer, maar uiteindelijk ga ik er niet langzamer van fietsen", seit Bangma.

"Ik vond het fantastisch dat ze in Rio waren. Dat doet iets met me. Maar uiteindelijk moet ik trappen en zo hard mogelijk fietsen", wit de 23-jierrige parasporter.

"Het is nu wat het is. Het worden hele andere Spelen. Ik denk dat dat ook wel weer iets unieks is. Daar moeten we ons op voorbereiden en vooral aan overgeven en ons focussen op de dingen die we daar moeten doen", seit Bangma.

Wannear komt Bangma yn aksje?

  • Woansdei 25 augustus - 03.00 oere - 4 kilometer efterfolging
  • Tiisdei 31 augustus - 06.30 oere - Tiidrit op de dyk
  • Freed 3 septimber - 02.30 oere - Wedstriid op de dyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)