Sylvana IJsselmuiden docht mei oan Expeditie Robinson

23 aug 2021 - 06:09

Sylvana IJsselmuiden fan Ljouwert docht mei oan it telefyzjeprogramma Expeditie Robinson. Dat is dit wykein bekend wurden, doe't alle dielnimmers fan it programma oankundige waarden.

Foto: wikipedia/creativecommons

Sylvana IJsselmuiden is bekend wurden fan de webside Dumpert en waard yn 2020 troch FMH útroppen ta moaiste frou fan Nederlân. No is bekend wurden dat de Ljouwerter ek meidocht oan Expeditie Robinson. "Ontzettend gaaf, ik heb het gedaan, ik heb meegedaan!" fertelt se entûsjast.

Net samar in telefyzjeprogramma

"Je wordt in eerste instantie gevraagd, dan doen ze een kleine casting, dan moet je fitheidstesten doen. Je wordt lichamelijk helemaal gecontroleerd, of je bereid bent om op zo'n eiland te zitten." Dy tests binne nedich om't de omstannichheden op sa'n eilân somtiden net al te bêst binne. "Het is wel zwaar, je slaapt slecht, er is geen eten."

Dit aventoer wie wol oars as oare programma's of útdagingen dêr't se oan meidien hat: "Dit is andere koek, wel bizar. Op een eiland overleven, en de proeven, het is een hele intense ervaring."

Kroäsië yn stee fan de Filipijnen

"Het is pittig, het was voorheen op de Filipijnen. En door corona was het dit jaar in Kroatië." Dat makke it programma mooglik in gruttere útdaging as oare jierren: "Ik heb heel veel last gehad van de kou, je hebt natuurlijk maar heel weinig kleding mee. De Filipijnen zijn wel een stukje warmer, en daarnaast, op de Filipijnen heb je ook bananen, cassave, kokosnoten. Dat hadden we allemaal niet, want in Kroatië groeit gewoon niet zoveel."

Om har ta te rieden op it aventoer, hat se apart noch by Wim Hof del west. Se hat fan him leard hoe'tst de holle derby hâlde kinst yn drege situaasjes. "Als je aan zoiets meedoet dan is het alles of niets. Ik heb voor zover ik me kon voorbereiden, denk ik alles wel gedaan wat ik had moeten doen. Ter voorbereiding ben ik dus ook nog lang Wim Hof gegaan, want als iemand zich goed kan focussen en een knop kan omzetten, dan is dat Wim Hof."

Net langer in geheim

Ofrûne wykein binne de dielnimmers fan it programma oankundige, Sylvana krige in soad reaksjes doe't bekend waard dat sy der ek by siet. "Onwijs veel reacties, ik had niet verwacht dat het zo'n groot ding zou zijn. Veel lieve en leuke reacties. Het is heel fijn dat ik het eindelijk mag vertellen."

Ik denk dat Fryslân wel trots op mij mag zijn.

Sylvana IJsselmuiden

De fraach is no oft de tarieding har holpen hat en oft Fryslân grutsk op har wêze kin. Derop seit se, fansels sûnder in soad te ferklappen: "Ik denk dat je je op zo'n avontuur eigenlijk niet voor kan bereiden. En ik denk dat Fryslân wel trots op mij mag zijn."

Sylvana IJsselmuiden oer Expeditie Robinson

(Advertinsje)
(Advertinsje)