RIVM registrearret 107 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 107 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 3 mear as snein, doe't 104 nije besmettingen meld waarden.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 92 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed op 88.
De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Noardeast-Fryslân (20), folge troch De Fryske Marren (16), Ljouwert (13) en Smellingerlân (11).
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus, en der binne ek gjin minsken opnaam yn it sikehûs.

13 pasjinten, 6 op de IC

Yn de Fryske sikehuzen lizze 13 coronapasjinten, 6 fan har lizze op de intensive care. Yn de trije noardlike provinsjes giet it om 37 pasjinten, wêrfan't der 19 op de ic lizze.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.425. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.451 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.