Wethâlder Súdwest-Fryslân: "Nieuw riool lost het probleem niet op"

23 aug 2021 - 13:31

Nei de wetteroerlêst yn Wâldsein is der krityk op de gemeente Súdwest-Fryslân. It is net foar it earst dat der sprake is fan wetteroerlêst en mei de gemeente soe al jierrenlang oerlein wêze oer it ferbetterjen fan it rioel. Wethâlder Erik Faber begrypt de noed, mar seit dat it ferbetterjen fan it rioel it probleem net oplost.

In ûnderstrûpte Wellewei yn Wâldsein - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Wethâlder Erik Faber fan gemeente Súdwest-Fryslân hat snein nei de situaasje yn Wâldsein sjoen: "Wat je dan meemaakt is toch wel verschrikkelijk voor mensen, straten die blank komen te staan, kelders die onderlopen. Dit wil je niet meemaken. Ik vind het knap hoe veel mensen in Woudsend meteen de handen uit de mouwen staken, veel complimenten voor de inwoners van Woudsend."

Hy hat op plakken dêr't de skea grut wie mei de minsken praat. "Ik heb met een paar mensen gesproken, ik ben ook nog bij de zeilschool geweest, die heeft flink wateroverlast gehad."

Oplossing

De krityk út it doarp is dat der al jierren oer dit probleem praat wurdt, mar der neat dien wurdt. Neffens Faber wie it rioel hast oan bar: "Het riool staat voor 2022 op de planning, en op dit moment zijn we al bezig met de voorbereiding. De oplossing zal niet alleen in het riool zitten, maar ook in de verstening in Woudsend. Het is een hele stenige omgeving, dus het water kan ook moeilijk weglopen."

In diel fan it probleem soe ta te skriuwen wêze oan in tekoart oan grien yn de strjitten. "De straten zijn zelf erg stenig, met weinig bomen. Maar ook de tuinen zal wat aan gebeuren moeten." Der moat dus mear barre as allinne it fernijen fan it rioel. "Het riool, dat klopt, dat moeten we aanpassen. In 2022 gaat dat gebeuren, maar dit soort regenbuien zal je met een nieuw riool ook niet zomaar oplossen."

Der wurdt no sjoen oft it ûnderhâld earder begjinne kin. "Je probeert het zo te doen dat het in één keer goed gaat op een efficiënte manier en dat vergt veel voorbereidingstijd. Ik kreeg ook al de vraag of we het kunnen vervroegen, die vraag heb ik ook meteen uitgezet, dat we het zo snel mogelijk doen. Ik hoop dat dat kan."

Net tsjin te hâlden

Neffens Faber kin de gemeente sels mei nije rioelearring sokke grutte hoemannichten reinwetter net tsjinhâlde. "Nee, daar moet ik heel eerlijk over zijn. Die klimaatverandering dat zien we al, dat heeft echt consequenties. Niet over twintig jaar, maar nu. Een onderlopende straat, ik denk dat dat wel een toekomstbeeld is, dat dat overal zomaar kan plaatsvinden."

En dat probleem freget neffens him om mear feroaringen as allinnich nij rioel: "Op korte termijn stenen uit de tuin. Voor de lange termijn is het het energieverbruik en de CO2-uitstoot echt verminderen. Elke kleine bijdrage helpt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)