Houtmûne yn Wâldsein hat noed oer skea yn masines nei wetteroerlêst

23 aug 2021 - 13:09

Yn Wâldsein foel snein yn in pear oeren safolle rein as gewoan yn in hiele moanne falt. By houtseachmûne De Jager siet de skrik der goed yn, doe't in bygebou mei apparatuer ûnderstrûpte. "Ik stie der oan de knibbels ta yn it wetter", seit mûnder Arjan Reekers.

Foto: Omrop Fryslân, Earryt Sijens

Yn de wurkpleats by de mûne stean ferskate masines om fan it seage hout meubels te meitsjen en der is allerhanne ark. Dat stie dus ûnder wetter. "We moatte noch besjen wat de skea is, mar it sjocht der problematysk út", seit de mûnder.

In pear sânsekjes ha net holpen. "Dy leinen hjir noch, want foar de simmer ha we twa kear lêst fan wetter hân. Doe hienen we se der dellein, mar dy mear as 130 milimeter fan juster wie net te kearen."

Foto: Omrop Fryslân, Earryt Sijens

Kwestje fan tiid

It wetter sit yn de poaten fan de houten meubels. "Dat moat even drûgje. It komt ek noch yn de oalje dus dan kinst it wol wat fuortwurkje. Dêr sit ik net oer yn. Wol oer de masines dy't hjir stean. Yn de rin fan de wike sille we dat sjen. It moat earst drûgje, want oars krijst koartsluting." Der komt noch in boudrûger.

Yn de mûne leit hout en seachsel, ek dat moat drûgje. "Dat hat ek tiid nedich, dêr sjoch ik finansjeel net hiel folle skea."

Mûnder Arjan Reekers

Foto: Omrop Fryslân, Earryt Sijens
(Advertinsje)
(Advertinsje)