Wetterskip drok mei fuortpompen; "We sitte hast wer op streefpeil"

23 aug 2021 - 12:47

Wetterskip Fryslân hat it peil yn de sleatten en fearten wer aardich ûnder kontrôle nei al it rein fan snein. Dat himelwetter hat foar flink wat oerlêst soarge. It Hooglandgemaal yn Starum waard oanset, om it tefolle oan wetter fuort te pompen, mar it gemaal is yntusken wer út.

Wetterskip drok mei fuortpompen

"It wetter yn de polders rûnom Wâldsein stiet heech", seit boezembehearder Sybo Veltman. It binne suver eilantsjes yn it lân. "It is in kwestje fan tiid dat it wetter yn de fearten komt en dy stean ek oant de talúd ta."

Sneon hat it wetterskip it peil yn de polders al ferlege om te antisipearjen op de ekstreme buien. "Mei ekstra pompen ha we de ôffierkapasiteit fergrutte." Ek de boezem is sneon al ferlege.

Wetter fuortpompt

"Us wettersysteem is basearre op normale omstannichheden, net op sokke ekstremen fan 140-170 milimeter. Dat is echt in hiel soad." Yn gearwurking mei de boeren binne se mei pompen dwaande om it wetter gau ôf te fieren nei de Fryske boezem. "We ha it no wer ûnder kontrôle en sitte hast wer op streefpeil." It Hooglandgemaal hat oardel miljoen kúb yn 24 oeren oan wetter fuortpompt nei de Iselmar.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Wat se derfan leard hawwe? "We moatte foarútsjen en alert bliuwe sadat we antisipearje kinne. Ek belangryk is de gearwurking mei gemeente, plysje, brânwacht, Veiligheidsregio en fansels omwenners en boeren. Je dogge it mei elkoar."

Sybo Veltman

(Advertinsje)
(Advertinsje)