Ytkafee yn Wâldsein drok mei opromjen: "We stonden tot onze knieën in het water"

23 aug 2021 - 10:01

Ytkafee De Pleats yn Wâldsein is moandei drok dwaande om de gefolgen fan de wetteroerlêst fan snein op te romjen. It ytkafee leit op it leechste punt yn it doarp. "We stonden op het terras tot onze knieën in het water", fertelt eigener Marije Siemonsma.

Ytkafee yn Wâldsein drok mei opromjen

Se fertelt hoe't it snein gie. "Ik was aan het schoonmaken en toen zei mijn man 'je moet erom denken, we moeten de brandweer bellen, want zo meteen stroomt het weer naar binnen toe. We zitten echt op het laagst punt in de oude kern."

It wie net foar it earst dizze simmer. "Ik heb al drie keer de brandweer gebeld. De andere twee keren waren we net op tijd om het water buiten te houden, maar met zoveel regen was er deze keer geen houden aan."

Heale meter

Fiif jier lyn hat se it ek alris meimakke. "Nu was het zo erg, dat de deuren niet meer open konden. Er stond wel een halve meter. We hebben gelukkig een hele grote kelder in het pand en daar stroomde alles in. We moesten de hele voorraad eruit halen. Met man en macht hebben we de hele kelder leeg gehaald."

De brânwacht is kaam en hat mei grutte pompen besocht it wetter bûten te hâlden. Ek mei sânsekken ha se besocht it wetter tsjin te hâlden. "Dat hielp wel een beetje, we hebben alle deuren gebarricadeerd."

Foto: Marije Siemonsma

It wetter kaam yn de krekt pleatste keuken. "Daar staan nu de bouwdrogers." Se besykje sa gau mooglik wer iepen te gean. "Eerst moeten we kijken of alles het weer doet. De apparatuur moet worden gecontroleerd, we hopen morgen weer te kunnen draaien."

Marije Siemonsma

Trefwurden: 
rein oerlêst Wâldsein ytkafee
(Advertinsje)
(Advertinsje)