Simmerblog: Simmer yn Lippenhuzen

23 aug 2021 - 18:01

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: sân wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. De earste dei fan dizze wike binne wy yn Lippenhuzen.

17:54
Oant moarn!

Hjirmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Moarn binne we der wer, dan binne we yn Munnikebuorren. Oant dan!

17:52
Dit wie simmer yn Lippenhuzen
17:21
Ofslute mei muzyk fan de doarpstrûbadoer

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort slút de dei ôf by it doarpshûs fan Lippenhuzen, mei op 'e eftergrûn live muzyk fan doarpstrûbadoer Adri de Boer. Hy fynt Lippenhuzen in prachtich plakje: "Lippenhuzen is in moai smûk plakje, wy hawwe hjir bosk, heide, wy hawwe hjir sels in moaie feart. En wy hawwe fansels in moai doarpslibben hjir. Der is altyd wat te dwaan, op fuotbalgebiet, kultureel gebiet, de Spikerpakkeband, dat is der ek allegearre. It is gewoan hiel noflik wenjen hjir."

Doarpshûs is it hert fan Lippenhuzen

Hinke Heida en Tirsa Hulshof helpe mei mei it organisearjen fan aktiviteiten yn it doarp en it doarpshûs. Se woene graach by it doarpshûs ôfslute, Hinke fertelt wêrom: "Omdat it eins it hert is fan it doarp. We ha hjir fan alles te sitten, de skoalle, sportkafee, kantine, doarpshûs, dat is in moaie kombinaasje en dat brûst." Tirsa is ek frijwilliger by it doarpshûs. "Vooral om leuke dingen te organiseren, we hebben wat gekke jaren gehad. Wij vonden dat het wel de moeite waard was om wat leuks te organiseren voor het dorps, zowel de ouderen als de jongeren."

It typearret neffens Heida it doarp dat in soad foar en mei inoar dien wurdt: "Ik tink dat wy goed op alle minsken passe." Hulshof slút har dêrby oan. "Met z'n allen veel samen doen, met alle partijen die hier actief zijn in het dorp. We willen het voor elkaar ook goed doen."

De dei ôfslute by it doarpshûs mei muzyk fan de doarpstrûbadoer

16:19
Sportferiening THOR bestiet al 100 jier

Dick Bisschop is foarsitter fan THOR (Tot Heil Onzer Ribbenkast), de sportferiening fan it doarp. Nei't fuotbalspiler Desley in penalty mist, moat Bisschop tajaan dat de coronatiid miskien dochs wol wat effekt op it team hân hat. "Ik denk dat we het trainen in de coronaperiode te weinig hebben kunnen oefenen, dus het trainen moeten we nu weer even heel hard aantrekken", laket er.

Esther van Herk is direkt frijwilliger wurden doe't se nei Lippenhuzen kaam. Se fertelt wat 't se krekt sa moai fynt oan de feriening. "Naast voetbal hebben we ook volleybal, gymnastiek, turnen, aerobics, hardlopen. Wat ik leuk vind is dat hier de peuters gymnastiek hebben en de 50-plus dames dansen, het is van alle leeftijden. Dat maakt THOR zo leuk." Se fertelt wat foar har de feriening definearret: "Jong en oud, alles door elkaar. Saamhorigheid, alle lagen van het dorp. Dat definieert ook Lippenhuizen."

THOR bestiet 100 jier

De feriening bestiet dizze simmer hûndert jier, mar in grutte fiering wie troch corona dreech op poaten te setten: "We hebben enorm zitten puzzelen wat we konden doen met 100 jaar. Eerst wilden we het aan het dorpsfeest aanhaken, maar dat kon helaas niet. Dus toen hebben we met een groep bij elkaar gezeten en hebben we een heel mooi boek samengesteld waar de hele geschiedenis van THOR in staat. En een actie erbij, je kan plaatjes sparen van alle mensen die lid zijn van THOR. Afgelopen zaterdag hebben we de boeken rondgebracht in het dorp, even bij iedereen aangebeld en het verhaal verteld. Enorm veel enthousiasme, het werd heel mooi ontvangen hier in het dorp."

By sportferiening THOR in Lippenhuzen

15:29
Bern boartsje yn in labyrint

"Het labyrint is in die tijd aangelegd, vijf jaar geleden, omdat iemand hier kwam snoeien en zei 'mag ik hier een labyrint aanleggen?'", fertelt Kees Stolwijk, dy't it labyrint mei boartersplakken, in kabelbaan en in beamhutte yn 'e eftertún hat. De bern fan de bûtenskoalske opfang fine it in prachtich plak. Ien fan dy bern is Anouk, op de fraach wat oft se it leukste fynt oan it labyrint, antwurdet se: "Hast alles!"

Net allinne bern út Lippenhuzen boartsje yn it labyrint. "Het is leuk, ook uit Gorredijk komen hier kinderen, op woensdagmiddag en zaterdagmiddag", seit Kees Stolwijk. Hy hat hielendal gjin lêst fan it lûd dat de bern meitsje, want hy wennet der net direkt njonken. "Ik hoor ze nauwelijks", seit er. Hy fynt it just moai dat der wat libben is: "Ik vind dat mooi, ik woon alleen, heb ik ook wat afleiding, het is heel simpel. Dan vind ik het leuk om mensen uit de omgeving en ons eigen dorp te betrekken bij sociale dingen."

Yn it labyrint by Kees Stolwijk

13:33
Untspanne by Wilke de Jager

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort komt hielendal ta himsels. Hy sit by in kampfjoerke, mei in kowehûd om him hinne slein en drumlûden op 'e eftergrûn.

Wilke de Jager en ferslachjouwer Willem Vermeltfoort - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Wilke de Jager leit wat út oer de drum: "De drum zorgt voor het zoeken naar jouw ritme, de frequentie opzoeken en alle blokkades weg te laten vloeien." Hoe't se dy blokkades dan krekt fynt, hat mei it hingjen bliuwen fan it lûd te krijen. "Met de drum sla ik zestig keer per minuut, en waar de klanken blijven hangen, blijf ik langer doorgaan, zodat alle blokkades wegvallen en de energie door kan lopen."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort siket de rêst op

12:52
Doarpsbewenners fleurje doarp op mei fjildblommen
Gelbriggje Visser en Hans ten Hoopen - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Yn it ramt fan it projekt Fleurich Ommetje sette bewenners fan Lippenhuzen har yn om de natuer yn en om it doarp te ûnderhâlden en moaier te meitsjen. Hans ten Hoopen fertelt mear oer it inisjatyf: "Het is een project van inwoners van Lippenhuizen, die het aantrekkelijker willen maken om een ommetje om Lippenhuizen te maken. Dat wil zeggen, niet langs wekelijks kort gemaaide bermen, maar langs fleurige bermen, met zoveel mogelijk inheemse, natuurlijke bloemen en bijen, insecten, alles wat daarbij hoort."

Biodiversiteit befoarderje

Njonken it moaier meitsjen fan de paden, hat de groep noch in oar doel foar eagen: "De bevordering van de biodiversiteit is de achterliggende gedachte, omdat het daar heel slecht mee gaat. En bermen kunnen daarin als verbindingszone door het hele gebied heen een belangrijke functie hebben."

De fleurige blommepaden yn Lippenhuzen

Ast net bekend bist yn it doarp, kinst de paden noch hieltyd fine, seit Gelbriggje Visser: "Dêr hawwe wy ferline jier in moaie folder fan útjûn, de Fleurige Ommetjes van Lippenhuizen, fan ien oant tsien kilometer. En dêr steane ek histoaryske dingen yn beskreaun, en de natuer."

11:38
Spikerpakkeband makket muzyk yn Lippenhuzen
Ido Gerard Kempenaar en Alma Muller - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Alma Muller spilet yn de Spikerpakkeband en fertelt oer har leafde foar de muzyk. "As lyts bern rûn ik altyd al efter heit oan doe't hy by it korps siet. En op in bepaald stuit krije je sels in ynstrumint yn 'e hannen treaun, en dan pakt it je beet." Se leit út wat se krekt sa moai fynt oan it spyljen: "Dat je je uterje kinne mei sa'n ynstrumint, en noch moaier is it as je mei syn alles muzyk meitsje kinne.

Rjochts de maat, links de line

Ido Gerard Kempenaar bestjoert it spul as dirigint. "Dirigearje is foar my eins datst sels bepaalst hoe't sa'n muzykstik klinke moat. Dat je mei syn allen itselde berikke as dat je yn 'e holle hawwe, dat is in hiel moai gefoel, dat is magysk." Kempenaar leit út wat er mei de hannen krekt dúdlik makket oan de band: "De rjochterhân brûkst faak foar de maatslach, en mei links de line, kresjendo, dekresjendo, watst wolst mei de muzyk. Mei links joust echt de linen oan."

De Spikerpakkeband yn Lippenhuzen

9:54
Mei de skiep op paad mei Martin Reitsma

Martin Reitsma hat in "begrazings"-bedriuw, wêrmei't er op natuerlike wize de natuer ûnderhâldt: "Wy hawwe 1200 Schoonebeker skiep dy't ticht by de natuer steane, en sa it ûnderhâld dogge." De skiep sjogge der oars út as de 'gewoane' wite skiep dy't je faak sjogge, fertelt Reitsma: "Dit binne gjin fleisskiep, dizze binne echt bedoeld foar it ûnderhâld fan grienstroken yn 'e gemeenten."

Mei de skiep oer de rotonde

"As we yn in plak as Hearrefean binne, moatte we wol ris fan de iene nei de oare kant. Dan rinne we mei de keppel oer de strjitte hinne, of oer rotondes of oer it spoar hinne, dan moatte minsken efkes wachtsje", mar lêst hawwe de minsken der meast net fan: "Minsken fine it prachtich, altyd foto's en kamera's. Inkeld ris ien dy fynt it net moai, mar de measten fine it prachtich."

Skiep ferpleatse mei Martin Reitsma

8:45
Lippenhuzen is in âld doarp

Wietse van der Sluis fertelt oer de skiednis fan Lippenhuzen. "We stean hjir no by de slûs, dy is boud yn 1736 mei de feanterij om it turf ôf te fieren. Mar it doarp is noch folle âlder,. It wurdt al yn 1315 neamd, en wierskynlik is it noch âlder. Der hat in tsjerkhôf hat west, rjochting Beetstersweach, en dêr is Lippenhuzen ûntstien en is it stadichoan ferskood nei dit plak." It 700-jierrich bestean is fierd mei ûnder oare in blommekorso dêr't it doarp earder ferneamd om wie.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Fan boeredoarp is it no mear in wendoarp wurden. "De measte minsken wurkje oars. It is hjir moai wenjen, we ha heide, bosken en de feart. En it is in rêstich doarp, mar we ha noch wol in supermerk en dêr binne we bliid mei."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Wietse van der Sluis

8:30
Goeiemoarn!

It is alwer de sande - en lêste - wike fan Simmer yn Fryslân! Omrop Fryslân docht sân wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Dizze moandei binne wy yn Lippenhuzen!

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Freed wiene wy yn Drachtsterkompenije. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)