Ferfierder Arriva klear foar nije skoaljier mei ekstra spits- en sneltreinen

23 aug 2021 - 07:08

Yn it noarden begjinne de skoallen dizze moandei wer. Dat betsjut ek dat it wer drokker yn it iepenbier ferfier wurdt, mei al dy learlingen dy't nei skoalle moatte. Ferfiersbedriuw Arriva docht der alles om dat ferfier soepel ferrinne te litten.

Ferfierder Arriva klear foar nije skoaljier

"Alle bussen en treinen ride wer neffens de folsleine tsjinstregeling", seit Nikkie Smit, wurdfierder fan Arriva. "Der ride ekstra spits- en sneltreinen." Fierder is der in rappe busferbining tusken Dokkum en Drachten, dy't ek by it stasjon yn Feanwâlden delkomt.

Mûlkapke

As iennige sektor is it dragen fan in mûlkapke noch ferplichte yn it iepenbier ferfier. "We hoopje dat we der yn septimber ôfskied fan nimme kinne. It grutste part fan de reizgers hâldt him kreas oan dy regel. Mar minsken ferjitte it ek wolris, it hoecht ommers nergens mear, dus soms is in ekstra attinsje nedich."

Nikkie Smit fan Arriva

Foto: Leo Middelsé, Lennard Geerts

Ferslachjouwer Lennard Geerts fong op it stasjon yn Ljouwert de earste reizgers op.

Reizgers op it stasjon yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)