Kasten foar bettere fentilaasje op skoallen bedarje faak op it dak

23 aug 2021 - 06:17

In better, nij fentilaasjesysteem foar de basisskoallen betsjut yn in soad gefallen dat er behoarlik wat technyk by komt: op it dak. Want de measte skoallen binne sa makke dat der net genôch romte is tusken it dak en de lokalen dêr ûnder.

In part fan de nije ynstallaasje op it dak fan de Ljouwerter Maximaskoalle - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Fentilaasje is nedich om it coronafirus te bestriden. Ien fan dy skoallen is de Ljouwerter Máximaskoalle. Dêr sjogge je yn de lokalen fan de basisskoalle net safolle fan it nije systeem.

"Dêr kinne wy wol wat sjen, mar it measte sit by sokke besteande skoallen boppe it dak. Sy binne earder hiel licht boud en der sit gjin romte tusken it plafond. Dus is der gewoan gjin romte om it spul kwyt te kinnen", seit Anko Wiersma fan it Winsumer bedriuw Friamco, dat de ynstallaasje oanleit yn opdracht fan ENGIE Service Noord.

Sa sjocht it der dan út:

It folume oan lucht dat aanst hinne en wer giet, is aardich grut: 950 kúb foar elts lokaal. En dat is ek te sjen oan it formaat buizen op it dak.

Grutte kast

Mar it meast opfallende is in grutte kast dêr't alle lucht fan bûten en binnen byinoar del giet. De lucht dy't der útgiet jout oan't 90 persint fan de waarmte mei oan de farske lucht dy't der binnenkomt. Dat en mear moat in legere enerzjyrekken opsmite.

De nije ynstallaasje fan de Máximaskoalleis noch net klear. Ien en oar hat wat fertraging oprûn. Lykas yn meardere sektoaren, rinne ek hjir de leveringstiden foar guon ûnderdielen bot op.

It nije skoaljier begjint dizze moandei.

Anko Wiersma fan Friamco

(Advertinsje)
(Advertinsje)