Wrâldkampioen Frysk damjen: "De folgjende komt út Ruslân of Sina"

23 aug 2021 - 06:08

It wie tongersdei al dúdlik, mar no is it offisjeel: Marten Walinga is wrâldkampioen Frysk damjen. Boargemaster Ina Sjerps fan Harns oerlange him snein nei ôfrin fan de lêste partij de kampioensskaal.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Walinga syn tsjinstanner, Folkert Groenveld út Jutryp, wûn noch wol de lêste partij, wêrtroch't de einstân nei alve partijen 7,5 tsjin 3,5 is.

Bargehok

It kampioenskip waard yn it stedhûs fan Harns ôfwurke. Dat wie moai foar de ambiânse, mar it makke de dammers net folle út. "Fansels is it in prachtich gebou", seit Groenveld, "mar as se my yn in bargehok delsette dan feroaret dêr foar my hielendal neat. It giet allinnich mar om wat der op it boerd bart."

Walinga fûn de striid om it wrâldkampioenskip hiel bysûnder. "Ik ha wol by oare matches west. En dan sjochst dy spilers hielendal yn in soarte fan flow. En dat is hjir ek sa. Wurdst dermei wekker en giest dermei op bêd."

Boargemaster Sjerps hinget Marten Walinga in krâns om

It kampioenskip wie tongersdei al beslikke. Dochs moasten de lêste partijen wol spile wurde. "Dêr wie ik wol bliid mei", seit Groenveld, "want de lêste twa kear ha ik wûn en doe wie er al wrâldkampioen, dus ik ha wol twa kear de wrâldkampioen dellein. Dat nim ik wol mei."

Frysk damjen in ynternasjonale sport?

De partijen waarden streekrjocht útstjoerd. Neffens Walinga is der ynternasjonaal in soad belangstelling foar it Frysk damjen.

"It foel echt op dat in hiele jonge generaasje dammers en skakers it Frysk damjen ûntdutsen hat. En dy binne oan it spyljen en dy binne der allegear entûsjast oer. Dy tinke: wat in fantastysk spul. Wy wolle hjirmei troch, wy wolle ek wrâldkampioen wurde."

"Ik wit no hoe't it moat"

Walinga tinkt dan ek dat it Frysk damjen wolris in ynternasjonale sport wurde kin.

"It folgjende wrâldkampioenskip sil nei alle gedachten yn Fryslân holden wurde, mar de winner komt tink ik net mear út Fryslân. Ik tink earder út Ruslân of út Sina."

Groenveld tinkt dêr oars oer. Hy hat de smaak no te pakken: "Ik wit no hoe't je in match spylje moatte, dus ik sjoch fuort net in Sinees kampioen wurden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)