Haadredakteur LC: Gjin probleem dat nij magazine net folslein Frysk is

22 aug 2021 - 20:18

"It giet goed mei de Ljouwerter Krante", stelde haadredakteur Sander Warmerdam snein yn it radioprogramma Buro de Vries. Hy wie dêr snein Simmergast. Sûnt 2018 stiet de yn Stiens opgroeide Warmerdam oan it roer fan de redaksje fan de Leeuwarder Courant.

"It tal abonnees is dit jier mei 2 persint tanaam en dat betsjut de earste groei yn 18 jier." Kanttekening is wol dat it benammen om digitale abonnees giet dy't yn folle lytser bedrach yn de moanne betjelje en dêr't dus folle mear fan nedich binne om ek de omset groeie te litten.

Mediahuis

Warmerdam koe net sizze oft der al winst makke wurdt, mar is wol bliid mei de posysje fan de Leeuwarder Courant yn it Belgyske Mediahuis, de útjouwer dêr't bygelyks ek De Telegraaf en NRC ûnder falle.

In fragmint út it petear mei Sander Warmerdam

Warmerdam: "Dêr sit in soad kennis en ûnderfining op it mêd fan digitale media dêr't we in soad oan hawwe. Boppedat hâlde wy sjoernalistyk sels de toutsjes yn hannen. Sa wie it ophâlden mei it Ljouwerter stedsblog Suksawat myn beslissing, Ik fûn dat dêr te min út kaam en woe mei LC-Now mear ynsette op Instagram ûnder de flagge fan de Ljouwerter Krante."

'Meer'

Dit wykein kaam ek it nije magazine Meer foar it earst mei de Leeuwarder Courant mei. Neffens Warmerdam in moai kadootsje foar besteande abonnees, mar ek bedoeld om nije lêzers nei de krante te lûken.

Dat it magazine mear in noardlike, as in echt Fryske útstrieling hat, sjocht Warmerdam net als in probleem. "Foar in konsert gean ik ek nei Grins en foar in útstalling kom ik wol yn Assen", sa seit de haadredakteur.

Yn de simmerwiken ûntfangt Buro de Vries tusken 12.00 en 13.00 oere op sneins in saneamde simmergast. Alle ôfleveringen fan de podcast fan Buro de Vries binne op dit plak werom te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)