Wetterskip set ekstra pompen yn by Wâldsein

22 aug 2021 - 18:24

It Fryske wetterskip set ekstra pompen yn om it wetter by Wâldsein fuort te krijen. Neffens it wetterskip is der yn in pear oeren tiid 80 oant 90 milimeter wetter fallen. Safolle falt normaal yn in hiele moanne.

Foto: CAMJO Media

Meiwurkers fan it wetterskip ha snein trije needpompen yn it doarp set, om it wetter gauwer de omlizzende marren en sleatten yn te krijen.

Gemalen draaie op maksimale kapasiteit

It wetterskip hie al rekken holden mei de ekstreme reinfal. De Fryske poldergemalen draaiden al sûnt sneon op maksimale kapasiteit. Dêrmei is de wetterstân yn de polders omleech brocht, sadat der mear wetter opfongen wurde koe.

Minsken yn Wâldsein stiene oant de knibbels yn it wetter

Om noch mear wetter op te fangen, is foar it wykein it wetterpeil yn de Fryske boezem al omleechbrocht, meldt it wetterskip. De boezem is it stelsel oan marren, sleatten en kanalen.

It Hooglandgemaal yn Starum is snein oanset om it oertallige wetter de Iselmar yn te pompen. " We blijven de aankomende uren en dagen alert", meldt it wetterskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)