RIVM meldt 104 nije coronabesmettingen yn Fryslân

22 aug 2021 - 16:02

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 104 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat is der ien mear as sneon. Doe gie it om 103 besmettingen.

De GGD-faksinaasjelokaasje op It Hearrenfean oan de Uhlweg - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike alle dagen 88 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 82.

De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Ljouwert mei 16 besmettingen. Dêrnei folgje Achtkarspelen mei 14, Súdwest-Fryslân mei 13 en Noardeast-Fryslân en Smellingerlân mei 12 besmettingen.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus, en ek gjin minsken opnaam yn it sikehûs.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)