Pleatslik bakken mei rein: soad meldingen fan wetteroerlêst

22 aug 2021 - 10:34

It KNMI hat foar Fryslân koade giel ôfkundige, as warskôging foar swiere rein. Der kinne snein lokaal buien foarkomme mei in soad delslach en mei kâns op wetteroerlêst. Meldkeamer Noard-Nederlân krijt in soad meldingen fan wetteroerlêst yn de provinsje, ûnder oare út Wâldsein en fan It Hearrenfean.

Pleatslik falle der bakken mei rein:

Yn Wâldsein is de brânwacht drok yn 't spier by de Bonifatiusskoalle oan de Melchior Clantstrjitte. De brânwachten fan Wâldsein, Heech, Balk en Sint-Nyk binne alarmearre. De dyk is folslein ûnderstrûpt troch de rein.

Dat is ek it gefal op it Kattebos op It Hearrenfean, dêr kin it rioel it wetter ek net mear oan. Ek Rottum, Ousterhaule en Koudum hawwe fan de rein te lijen. Oan de Schoonoord yn Ysbrechtum moast wetter fuortpompt wurde troch de brânwacht fan Snits.

It sintrum fan Wâldsein hat ek lêst fan it wetter en yn de rûnwei om it doarp hinne is it Ie-akwadukt ôfsletten.

Martijn Engbrenghof út in wiet Wâldsein wei

Koade giel jildt snein fan 07.00 oant 15.00 oere. It ferkear en bûtenaktiviteiten kinne der fan te lijen hawwe. Ek foar Grinslân, Drinte en Noard-Hollân wie sneintemoarn koade giel ôfkundige.

Op camping De Wetterspetter yn Yndyk stiet ek in protte wetter. Ek greidelân en sleatten komme ûnder wetter te stean.

De camping yn Yndyk is net de iennige: op Flylân is men dwaande om wetter fuort te pompen op kampearterrein Stortemelk. Koartlyn moast dat ek al ris dien wurde.

Reinfal fan in moanne

It is it wietst yn it súdlike part fan Fryslân, benammen yn de omkriten fan It Hearrenfean en De Jouwer falt in soad. Op It Hearrenfean is al 75 milimeter rein metten. Dat is in soad, want yn trochsneed falt der yn Nederlân yn de hiele moanne augustus mar 78 milimeter.

Trefwurden: 
koade giel KNMI rein buien
(Advertinsje)
(Advertinsje)