Slimmer foarkaam troch fluch bestriden fan brân by buorkerij yn Friens

Yn Friens hat sneintemoarn brân west yn in buorkerij oan de Beslingadyk. De brân wie oerslein nei it dak, mar troch it flugge hanneljen fan de brânwacht koe foarkaam wurde dat it fjoer him fierder útwreide. Der binne gjin persoanen ferwûne rekke.
© Raymon Roersma / ProNews
Foar de wissichheid hie de brânwacht wol opskaald nei 'grutte brân', der binne ek meardere weinen op it plak kaam. Mooglik is de brân yn de CV-romte ûntstien, wêrnei't it trochsloech nei it dak.