Sektor wrakselet fierder mei sjauffeurtekoart

Der is noch hieltyd in grut tekoart oan frachtweinsjauffeurs. Dat die bliken op in ynrindei fan in bedriuw op it Hearrenfean, dat him spesjaal dwaande hâldt mei it werven fan sjauffeurs.
In frachtwein mei biten © ANP
It bedriuw Werfftalent besiket no minsken te finen foar de bitekampanje: it ferfieren fan biten út de Noardeastpolder nei Grinslân, mar it moat geregeld 'nee' ferkeapje oan opdrachtjouwers.
"It tekoart is wol reedlik grut", seit Marije Brouwer-van der Werff fan it bedriuw. "De ynstream fan jonge minsken is lyts, wylst de útstream wol grut is."

Imagokwestje

It imago fan de transportsektor en it sjauffeursfak moat better, fynt sy. "Wy moatte sjen litte wat wy dogge, hoe't sa'n dei der útsjocht, wat foar frijheid en selsstannigens je hawwe en watfoar ferantwurdlikheden. Dan kinne je miskien lytse stapkes sette."
"De ynstream is lyts, mar de útstream is bêst grut"
Wurkjouwers soene ek better rekken hâlde moatte mei de húshâldingen fan sjauffeurs, seit Brouwer-van der Werff. Maatwurk leverje dus. "Dêr moatte wy noch wol stappen yn sette."

Jongesdream

Aspirant-sjauffeur Cor Hilarius liket it wol in útdaging ta om ris in bitetransport te dwaan. "It frachtriden wie in jongesdream."
"It is it gefoel fan frijheid. Wat je om je hinne sjogge, de selsstannigens en it logistike. Dat hat my altyd oanlutsen."