Henk de Jong is grutsk: "It moast út de teannen komme, mar wy spilen Cambuurfuotbal"

21 aug 2021 - 23:29

Cambuurtrainer Henk de Jong is grutsk. "Ik bin al mear as twa jier grutsk op myn ploech." Dat sei er nei ôfrin fan de wedstriid tsjin PSV.

Henk de Jong - Foto: Orange Pictures

Cambuur ferlear de wedstriid mei 4-1, mar wie beslist net kânsleas, seit De Jong.

"Ik fyn dat we it by flagen hiel goed dien ha. We ha corona hân, en in minne tarieding, dus it moast echt út de teannen komme. It giet fansels om punten, mar dit jout wol fertrouwen."

Henk de Jong

"PSV is in ynternasjonale topploech", seit de Jong. "Se hearre by de bêsten fan Europa. Mar wy spilen wol Cambuurfuotbal: hege druk, striid en passy. En dat smyt wat op. We krije de tolfde man mei, en dat wol ik der yn hâlde."

Dat de earste twa doelpunten sa gau nei mekoar foelen, komt omdat it by Cambuur net goed stie, nei de 1-0, seit De Jong. "Dat binne standertsitewaasjes, dêr moatte we better yn wurde. Yn de earedifyzje wurdt soks direkt ôfstraft, yn de earste difyzje net."

"Wij waren de betere"

Alex Bangura makke it iennichste Ljouwerter doelpunt. Hy is ferdigener. "Er ontstond een gat voor me, ik dacht alleen maar 'gaan' Ik schoot hem goed binnen in de korte hoek."

It wie syn earste doelpunt yn de earedifyzje. "Dat is wel een mooi moment."

Alex Bangura

Bangura is grutsk op it team. "We hebben het PSV wel lastig gemaakt. Die 1-0 was balen. Maar de eerste 15 minuten waren we de betere op het veld."

Hy bliuwt by Cambuur, seit er, ek al is de transfermerk noch iepen. "Ik zit hier lekker, ik ga niet weg. Zeker niet."

"Stevens wie sjitskiif"

Cambuurkeeper Sonny Stevens wie de sjitskiif fan de jûn, sei ferslachjouwer Andor Faber. Stevens sels is it dêr net hielendal mei iens. "Het was bij vlagen, maar bij vlagen waren wij ook heel aardig. Ze zijn niet alleen maar voor mijn doel geweest."

Sonny Stevens

"Ik vind dat we onszelf behoorlijk hebben gewapend tegen een goed spelend PSV. Maar hoe wij hebben gespeeld, met een goeie kans op de 3-2, dat was heel aardig", seit Stevens.

Cambuur kin mei de holle omheech werom nei Ljouwert, seit Stevens. "Het is zonde dat er 4-1 op het bord staat. Maar PSV was gewoon een tikkeltje te groot voor ons."

De earstfolgjende wedstriid spilet Cambuur opnij tsjin in lestige tsjinstanner. Dan treffe de Ljouwerters yn it eigen stadion FC Twente. Dy wedstriid is kommende sneon.

(Advertinsje)
(Advertinsje)