Cambuur skoart tsjin PSV mar ferliest wol yn Eindhoven

SC Cambuur hat yn Eindhoven skoard tsjin PSV. It wie bepaald net genôch foar de winst: it waard 4-1. It iennige Ljouwerter doelpunt kaam fan Alex Bangura.
© Orange Pictures
Cambuur stiet nei twa wedstriden noch altyd op nul punten. In wike lyn ferlearen de Ljouwerters fan FC Groningen.
Yn Eindhoven hie PSV in fleanende start. Al nei 20 minuten stie de thúsploech op in 2-0 foarsprong, troch doelpunten fan Davy Pröpper en Eran Zahavi. Beide doepunten foelen noch gjin trije minuten nei mekoar.
Yn de twadde helte foel op 'e nij in betide goal. Nani Madueke skeat de 3-0 achter Cambuurkeeper Sonny Stevens.

Earetreffer

De ferdigening fan Cambuur seach der matich út. Stevens hie it drok. Mar de Ljouwerter oanfal hold ek oan. Der kamen kânsen, en nei 66 minuten profitearre Alex Bangura dêrfan. Hy ferraste de keeper fan PSV yn de koarte hoeke. It wie in earetreffer.
Oanfaller Issa Kallon wie de gefaarlikste Cambuurspiler op it fjild. Trainer Henk de Jong helle him nei de kant, doe't er nei de grûn gien wie fanwege in mooglike blessuere. Kallon grypte earst nei de hamstring, en dêrnei nei it kút. It is net dúdlik oft der echt sprake is fan in blessuere, of dat it kramp wie.

Spannende slotfaze

Jordan Teze fan PSV skeat yn de slotfaze fan it spul noch in snoeihurde bal op de goal fan Cambuur, mar keeper Sonny Stevens koe 'm keare. En it wie net de earste fjoerpylk fan PSV dy't Stevens út de goal helle.
"Hy soarge der heechstpersoanlik foar dat it net seis, sân. acht, njoggen - ien wurden is", sei ferslachjouwer Andor Faber. "Hy lit sjen dat er echt thúsheart yn de earedifyzje."
Yn de lêste sekonden fan de wedstriid - noch foar de blessueretiid - makke David Sambissa it hiel spannend troch frij foar de keeper de bal oer de goal te sjitten. It hie de 3-2 wurde kind, en dan hie de blessueretiid der noch ta dien. No hie Cambuur leaver nei 90 minuten opholden, want PSV wist der noch 4-1 fan te meitsjen.
Olivier Boscagli skeat de bal fanút in kluts hurd op de goal, en yn de touwen. Dêr koe sels Sonny Stevens neat mear oan feroarje.
PSV - SC Cambuur 4-1 (2-0) 18. Pröpper 1-0, 21. Zahavi 2-0, 48. Madueke 3-0, 66. Bangura 3-1, 92. Boscagli 4-1.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch (45. Tol), Schouten, Bangura; Hoedemakers, Maulun (67. Paulissen), Breij; Kallon (73. Sambissa), Boere en Kiss (45. Jacobs).