Remmelt Bouma, Dylan Drent en Erwin Zijlstra winne keatsen yn Bitgum

It partoer fan Remmelt Bouma, Dylan Drent en Erwin Zijlstra hat it trochmekoar-lotsjen yn Bitgum wûn.
Yn de finale wûnen Bouma-en-dy fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Hendrik Kootstra, mei 5-2 6-2. Gert-Anne van der Bos pakte mei René de Haan en Pieter-Jan Leijenaar. de tredde priis.
By de froulju wûn it partoer fan Ilse Tuinenga, Amarins de Groot en Annelien Broersma yn de finale fan Anna-Brecht Bruinsma, Manon Scheepstra en Anouk Smit. It waard dêr ek 5-2 6-2.
De tredde priis wie by de froulju foar Wybrig Bakker, Jeska Terpstra en Lotte Delgrosso.