Hearrenfean lit steantribune ta, ek al wol Den Haag dat publyk sit

De gemeente Hearrenfean sil net hanthavenje op it iepenstellen fan de steantribune fan SC Hearrenfean, ek al hat de lanlike oerheid bepaald dat publyk yn stadions sitte moat.
Publyk by in eardere wedstriid fan Hearrenfean © ANP
De foarsitter fan de klup hat oerlis hân mei de boargemaster fan Hearrenfean, meldt in wurdfierder fan de gemeente. De boargemaster hat besletten de sitewaasje ta te litten, mei omdat der net in protte tiid wie foar in oare oplossing, seit de wurdfierder.
De wedstriid begjint sneon om 18.45 oere.
"Geplaceerd betekent gewoon op je kont zitten", sei minister Hugo de Jonge freed. Sa wol hy fersprieding fan it coronafirus foarkomme.
It foel kâld op it dak by SC Hearrenfean. Yn in ferklearring seit de klup dat it net helber is om op sa'n koarte termyn stuollen te pleatsen yn it steanfak.
De gemeente Hearrenfean meldt no dat it der benammen om giet dat minsken net hinne ein wer rinne, mar op it eigen plak bliuwe. "Wol of gjin rêchleuning makket dan net safolle út."

Boarne- en kontaktûndersyk

SC Hearrenfean sei earder al dat it ferpleatsen fan de supporters nei oare fakken net mooglik is yn ferbân mei eventueel boarne- en kontaktûndersyk. No kin noch fan alle supporters sjoen wurde wa't der omhinne sitten ha, yn it gefal fan in eventuele besmetting.
It 'gedogen' fan de steantribune jildt neffens de wurdfierder fan de gemeente allinne foar dizze wedstriid. "We moatte sjen hoe't it rint. Foar de folgjende wedstriid is de mear tiid." Dy wedstriid is snein oer in wike, yn it eigen stadion, tsjin AZ.