Tsien fan Harkemase Boys pakke punt nei spektakelstik tsjin Goes

Harkemase Boys hat sneon de earste wedstriid yn de tredde difyzje mei 3-3 lykspile tsjin Goes. De Boys spilen mear as in helte mei in man minder nei in reade kaart foar Iloba Achuna.
© Orange Pictures
De besikers út Seelân wienen it meast gefaarlik yn de begjinfaze. Yn de 24ste minút like Sylvio Hage op it doel fan de Harkiten ôf te kinnen, mar Iloba Achuna pakte de oanfaller fan Goes beet. De útploech woe in reade kaart sjen, mar Achuna krige giel fan de skiedsrjochter en hie dêrmei gelok. De frije traap smite neat op.

Kânsen Harkema, doelpunt Goes

Dêrnei wie Harkemase Boys driigjender. Earst skeat Dennis van Duinen de bal tsjin doelman Matthew Lentink oan en efkes letter wie Kian Visser te hastich doe't er each yn each kaam mei dyselde Lentink.
Dêr't de Boys net ta skoaren kamen, die Goes dat wol. Sylvio Hage omspile Erick Jansema en skode de bal yn it lege doel: 0-1.

Harkemase Boys yn ûndertal nei 1-1

De situaasje like hielendal hopeleas doe't Achuna yn de 40ste minút dochs fan it fjild moast. De ferdigener makke in oertrêding op Gianni Tiebosch en skiedsrjochter Max de Bruijn toande him syn twadde giele kaart.
Mei in man minder slagge it de Boys wol om te skoaren. Kian Visser kopte de hoekskop fan Mark Bruintjes yn goal: 1-1.
Skiedsrjochter De Bruijn stjoert Achuna fan it fjild © Orange Pictures
Nei it skoft waard it noch moaier foar Harkemase Boys. Berwout Beimers kopte de bal nei in hoekskop yn de fiere hoeke. Goes wie lilk, sy seagen in oertrêding op doelman Lentink, mar de skiedsrjochter woe dêr net oan: 2-1.

Twa kear de latte

Goes socht dêrnei de oanfal. Tiebosch wie tichtby de lykmakker. Syn skot fan in meterke of 25 bedarre op de latte. Mar wat Goes kin, kin Harkemase Boys ek, moat Berwout Beimers tocht hawwe. Want hy besocht it krekt oer de middenline, mar ek syn poging einige op de latte.

Goes draait it om

De tsien fan Harkemase Boys koenen it lykwols net folhâlde tsjin de alve fan Goes. Yn de 70ste minút soarge Sven Mbikulu mei in skot fan bûten it strafskopgebiet foar 2-2. Fjouwer minuten letter waard it noch slimmer foar de Boys: mei in knap lobke ferrifele Jelle Klap doelman Erick Jansema: 2-3.
Harkemase Boys toande lykwols karakter. Yn blessueretiid skeat Berwout Beimers spikerhurd raak. Mei syn twadde goal fan de wedstriid soarge hy derfoar dat de Boys dochs noch in punt pakten: 3-3.