Sjoch werom: Oane Galama ljept nei Keningstitel yn Burgum

Oane Galama waard sneon winner fan it Keningsljeppen yn Burgum. Hy wie de iennige dy't oer de 21 meter sprong. Marrit van der Wal waard keninginne, de titel prins gie nei Douwe Abma.
Sjoch hjir nei de winnende sprong fan Oane Galama
Oane Galama sette yn de finale in ôfstân del fan 21.04 meter. It is dit seizoen de earste sprong yn Fryslân oer de 21 meter. Hy mei himsels in jier lang kening fan Burgum neame. It belooft wat foar it Frysk kampioenskip yn septimber, want yn it ferline hat faak bliken dien dat de kening yn Burgum ek de kampioen fan Fryslân waard.
Kening Oane Galama:
Yn de foarronde ljepte Ysbrand Galama noch it fierst mei 20,04 meter. Freark Kramer waard middeis yn de twadde klasse winner mei 19,76 meter en mocht sadwaande jûns meidwaan yn de finale. Dêr waard hy úteinlik knap twadde efter Galama mei 19,26 m.

Froulju

By de froulju makke Marrit van der Wal de fierste sprong. Se ljepte 15.80 meter. Dat hie yn de foarronde net genôch west foar in plak yn de top trije
Keninginne Marrit van der Wal:
Van der Wal wûn de foarronde mei 17,02 meter. Twadde waard Sigrid Bokma mei 16,02 meter. Hanneke Westert sette by de famkes in nij persoanlik rekôr del fan 15,81 meter en gie ek mei nei de finale.
Westert ferbettere dêrmei har eigen Nederlânsk klassemintsrekôr by de famkes nei 105,73 meter. Dat is oer sân sprongen in trochsneed fan 15,10 meter.
Yn de finale begjinne alle ljeppers lykwols wer op nul, en dus hie Marrit van der Wal genôch oan 15,80 meter foar de titel keninginne.

Jonges

De titel prins gie nei Douwe Abma. Hy waard de kampioen by de jonges, mei in ôfstân fan 18.63. Dat is in nij persoanlik rekôr (wie 17,51). Dêrmei troeve hy favoryt Arend Veenstra ôf dy't yn de foarronde noch de sterkste wie mei 17,20 meter.
Prins Douwe Abma:
Nei de finale sprongen de kening en de prins tegearre noch ien kear oer it wetter, mei in Fryske flagge oan de pols. Dat is tradysje yn Burgum.
De kening en de prins:
It folsleine ferslach fan de wedstriid is werom te sjen op de YouTube-side fan Omrop Fryslân.