Dizze Fryske himp is net foar konsumpsje

21 aug 2021 - 12:35

De himpplant is it meast bekend fan drugsproduksje, mar de himp op it lân yn Nijhoarne hat in hiele oare funksje. It wurdt brûkt as isolaasjemateriaal dat CO2 opnimme kin.

Sjoch hjir nei de reportaazje

Twa jier lyn begûn yn Fryslân in proef om te sjen oft dit proses hjir opset wurde kin. Mei sukses, want sneon is yn Nijhoarne in stik fan 30 bunder meand.

Boeren

As it oan de inisjatyfnimmer leit, wurdt it projekt hieltyd grutter. Op dit stuit wurkje der fiif agraryske bedriuwen mei, mar as it oan ûndernimmer Marthijs Roorda leit meie dat der wol hûndert wurde. "Wy sykje de gearwurking mei de agraryske sektor."

It himpfjild by Nijhoarne - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It kin boeren ek helpe yn de wei nei in sûner fertsjinmodel, tinkt Roorda. "De melkfeehâlders hawwe no mar ien ynkomsteboarne: de molke. De produksje fan dizze fezels kin helpe om in part fan it lân te brûken en dêr in fergoeding foar te krijen."

Fan fezels nei isolaasjematten

De himp moat noch wol bewurke wurde. "De fezel kin him as it in bytsje wiet is skiede fan it hout. As it dan opnij opdrûget, kin it goed útinoar helle wurde. Dy fezels kjimme wy en dêr meitsje wy isolaasjematten fan."

Wa't benaud is dat der straks oeral drugs kweekt wurde, kin Roorda gerêststelle. "Wy produsearje de manlike plant fan de himp en de drugs komme wei út ûnbefruchte froulike planten. Dus dat stiet fier útinoar."

Undernimmer Marthijs Roorda

Trefwurden: 
himp Nijhoarne isolaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)