Skip rekket brêge Twellingea: gjin skea, wol safolste ûngelok farwei

In binnenfeartskip hat freedtejûn de brêge fan Twellingea rekke, dat meldt Rykswettersteat. Dêrom is der in dûkynspeksje opset yn it wetter fan it Prinses Margrietkanaal. De brêge is net skansearre, mar it is wol de safolste oanfarring fan in skip mei in brêge op de haadfarwei De Lemmer-Delfzijl.
De farwei oer it Prinses Margrietkanaal is berucht: der is net in oare Nederlânske farwei dêr't sa faak ûngelokken barre. Yn de ôfrûne fiif jier gie it op syn minst al 23 kear mis.

Skippers

Dat der sa faak wat bart, hat ferskate oarsaken. Oan de iene kant wurde de skippen hieltyd grutter. Mar it is ek sa dat skippers net oeral deselde oplieding krije. Benammen de skippers dy't yn dizze omkriten net bekend binne, feroarsaakje ûngelokken. It is somtiden dreech yn te skatten oft je troch in brêge kinne of net.

Ferskaat oan brêgen

In wichtich punt is fierder dat der op de farwei allegearre ferskate brêgen lizze: draaibrêgen, tafelbrêgen, klapbrêgen. It is de bedoeling dat de brêge by Twellingea lykas noch in oantal oare brêgen nochris ferfongen wurdt, mar in beslút dêroer hat de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat trochskood nei de hjerst fan 2021.