'Flessepost' online te folgjen: ôffalkapsule driuwt fan Skylge nei Deenske grins

21 aug 2021 - 09:14

In snobbersguodpapierke dat by Harns of Skylge yn it wetter bedarret, kin yn koarte tiid fia it Waad en de Noardsee úteinlik by de Noardpoal útkomme. Dat docht bliken út ûndersyk fan Wageningen University & Research. Om minsken dêr fan bewust te meitsjen, wurdt in spesjaal soarte fan 'flessepost' ynset.

Offal yn see - Foto: Shutterstock.com (Rich Carey)

It giet om de saneamde 'Plastic in a Bottle'-kapsule, dêr't in GPS-satellytstjoerder yn sit. Sa kin der krekt folge wurde watfoar rûte it ôfleit.

Fia wyn en streamingen driuwe alle jierren grutte frachten swalkôffal út Noardwest-Europa nei it Noardpoalgebiet. Dat foarmet in bedriging foar de natuer, de skipfeartfeiligens en it toerisme.

De kapsule - Foto: Wageningen University & Research

Wouter Jan Strietman is ûndersiker by Wageningen University & Research. Hy fertelt dat in pear wiken lyn in kapsule by Teksel loslitten is. "Die is na een paar weken aangespoeld op Terschelling. Maar vorige week is de capsule opnieuw losgelaten en toen dreef 'ie van Terschelling in één weekje naar het Waddeneiland Sylt." Dat is in Dútsk Waadeilân op de grins by Denemarken.

Online te folgjen

Neffens Strietman is it doel noch net iens wittenskiplik, mar mear rjochte op kommunikaasje. "We willen het publiek bekend maken met het feit dat afval in de zee in korte tijd enorme afstanden kan afleggen. Met de zeestromen kan het zomaar zijn dat afval binnen anderhalf jaar op de Noordpool terecht kan komen. Dat geldt voor afval uit alle landen uit West-Europa."

De rûte dy't de kapsule op de Noardsee ôflein hat - Foto: Wageningen University & Research

De 'Plastic in a Bottle'-kapsule heart by in grutter projekt fan de Arktyske Ried. "Allerlei landen in het Noord-Atlantisch gebied laten zo'n capsule los. Eentje uit IJsland is via Groenland en een grote omweg uiteindelijk in Schotland terecht gekomen. En het leuke is: de capsules zijn op internet te volgen."

Fingerprint fan de konsumpsjemaatskippij

Wageningen University & Research docht wol ûndersyk nei wêr't ôffal op see krekt wei komt. Strietman jout oan dat dit in earste stap is yn it oplossen fan it probleem. "Het is als het ware een vingerafdruk van onze consumptiemaatschappij."

Frânsk ôffal op Gryn

Yn de omkriten fan Fryslân liet de MSC Zoe-kontenerramp al sjen wat it gefaar wêze kin. "Afval kan overal heen drijven. Een poos geleden is er ook onderzoek op Griend gedaan, daar is afval verzameld door vrijwilligers van Natuurmonumenten. Daaruit bleek dat een groot deel uit de waddenregio zelf kwam. Maar ook een deel van het afval was met zeestromen meegekomen uit Frankrijk en Engeland."

Wouter Jan Strietman, ûndersiker by Wageningen University & Research

(Advertinsje)
(Advertinsje)