Ton Eijer oer warskôging foar Ljouwerter hoareka: "Dat hie wol oars kinnen"

De gemeente Ljouwert hat guon hoarekasaken yn in brief warskôge om harren oan de coronaregels te hâlden. Se sille oars in boete krije, of moatte slute. Hoareka-ûndernimmer Ton Eijer fynt dat de wurkwize fan de gemeente persoanliker koe.
Warskôgings foar de hoareka yn Ljouwert
De kontrôles yn de kroegen en restaurants yn Ljouwert waarden undercover útfierd troch hanthaveners. Dy konstatearren yn guon gefallen dat der gjin oardel meter ôfstân holden waard, dat der gjin sûnenscheck dien waard of dat minsken oan it dûnsjen wiene.
Hoefolle saken der krekt oanskreaun binne, kin de gemeente net sizze. Wol is bekend dat der it ôfrûne wykein trije warskôgings jûn binne. Boppedat hat gemeente Ljouwert oankundige de kommende tiid stranger op te treden tsjin hoareka-ûndernimmers dy't harren net oan de coronaregels hâlde.
Ton Eijer fan hoareka Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ton Eijer is foarsitter fan de Keninklike Hoareka yn Ljouwert. Hy seit it spitich te finen dat de gemeente syn kollega's op sa'n ûnpersoanlike wize oansprutsen hat. "Dat hie wol oars kinnen", seit Eijer. Neffens him wurdt de frustraasje troch de regels by de hoareka hieltyd grutter. "Wy meie neat en wy sjogge om ús hinne dat der wer fan alles kin. En dat is al sa lang it gefal."
Dochs fynt Eijer ek dat elkenien him oan de regels hâlde moat. "Ek al wurdt dat hieltyd dreger om fol te hâlden."
Alle kearen binne de regels wer oars.
Ton Eijer, foarsitter Keninklike Hoareka yn Ljouwert
"We sitte fansels al oardel jier mei coronamaatregels. Alle kearen binne de regels wer oars", seit Eijer. "It is hiel frustrearjend, en ek net út te lizzen oan ús gasten. Dy begripe net mear wat der is, want dy sjogge gjin corona mear."
De stipe troch de oerheid, yn de foarm fan de TVO- en NOW-regeling, hâldt nei alle gedachten yn oktober op. "Miskien komt der noch in spesjale regeling foar diskoteken en klups, dy't noch help krije, mar de rest sil himsels rêde moatte. Dus dan moatte wy gewoan iepen. En oars is it foar guon saken miskien wol oer. As der gjin jild binnen komt en je krije gjin stipe mear, dan hâldt it op."
Ton Eijer oer de maatregels foar de hoareka yn Ljouwert