SC Hearrenfean sjocht út nei earste thúswedstriid: "Zelfs een beetje zenuwachtig"

SC Hearrenfean spilet sneontejûn yn it Abe Lenstra Stadion tsjin RKC Waalwijk foar it earst wer in wedstriid foar in grut publyk. In nije ûnderfining foar ferdigener en simmeroanwinst Milan van Ewijk: "Ik ben zelfs een beetje zenuwachtig", seit hy yn oanrin nei de wedstriid.
Milan van Ewijk is in bytsje senuweftich foar de wedstriid:
De klup ferwachtet sneontejûn tusken de 14.000 en 15.000 besikers yn it stadion, dat maksimaal foar twa tredde fol sitte mei. "Ik sta te popelen om die wedstrijd te beginnen", seit Van Ewijk, dy't dizze simmer oerkaam fan degradant ADO Den Haag. "De eerste officiële thuiswedstrijd in het tenue van Heerenveen. Dat is wel iets waar ik blij van word."

Blessueres

Trainer Johnny Jansen moat it tsjin RKC wol stelle sûnder Arjen van der Heide en Rami Hajal. Mitchell van Bergen, dy't tichteby in oergong nei Middlesbrough is, sil net yn de basis starte.
Filip Stevanovic en Siem de Jong sille nei alle gedachten de ferfangers fan Van der Heide en Van Bergen wêze. "We hebben niet heel veel keuzes", seit Jansen. "Maar ik ga de opstelling nog niet prijsgeven."
Johnny Jansen wol de klik mei it publyk weromfine:
RKC Waalwijk ferraste ferline wike noch mei in oerwinning op AZ Alkmaar. Dat is in warskôging foar de Friezen. "We zullen ongelooflijk scherp en geconcentreerd moeten zijn om een goed resultaat te halen. De tijd dat we fluitend van tegenstanders wonnen ligt ver achter ons", wit Jansen.

Domino-effekt

Dêrfoar hopet Hearrenfean de line fan de earste helte tsjin Go Ahead Eagles troch te lûken. Yn de twadde helte rekke neffens Jansen de struktuer wat út syn alvetal. "Dan moet je gaan corrigeren en op het moment dat je dingen moet corrigeren, dan wordt het een soort domino-effect. Dat vond ik vorige week een beetje te veel."
Yn de tarieding op de wedstriid krijt Jansen yn alle gefallen wat help fan Van Ewijk. "Ik speel tegen een oud-teamgenoot: Michiel Kramer. Dus ik kan de twee centralen nog wel wat tips geven over hoe ze de duels moeten aanpakken", seit de ferdigener.

Klik

De kaai ta it sukses dit seizoen leit neffens Jansen by de klik mei it publyk. Dy moat wer weromkomme. Sneon hopet de ploech de earste fonken oerspringe te litten. "Met een enthousiast elftal. Dat enthousiasme moeten we uitstralen naar het publiek", seit Jansen.
"Daar gaan we heel veel energie in stoppen met elkaar. Dat zal met vallen en opstaan gaan, maar dat willen we zeker voor elkaar krijgen", seit Jansen. Neffens de trainer komme de goede resultaten dan fansels.
De wedstriid begjint sneon om 18.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.