Henk de Jong: "It kin samar wêze dat Cambuur nei twa wedstriden nul punten hat"

Nei it 2-1 ferlies tsjin FC Groningen makket Cambuur him no op foar de swiere útwedstriid tsjin PSV. Cambuurtrainer Henk de Jong hat wol in tip foar syn PSV-kollega: "As ik trainer fan PSV wie, dan sette ik myn wiksels yn. Dy binne allegear goed genôch."
© Orange Pictures
PSV-Cambuur wurdt tusken twa wichtige wedstriden fan PSV, tsjin Benfica, yn spile. Henk de Jong is reëel as it giet om de kâns op sukses tsjin de Brabanners: "It kin samar wêze dat wy nei twa wedstriden nul punten hawwe."
Gjin reden foar panyk foar de Cambuurtrainer, dy't in protte fjoer sjocht yn syn seleksje. "Se binne geweldich dwaande. De wize fan trainen is geweldich. Sy binne net fan it fjild ôf te krijen. Prachtich fyn ik dat."
Henk de Jong sjocht foarút op PSV-Cambuur
Mei Tamás Kiss hat Cambuur dizze wike in nije spiler binnenhelle. De Jong: "In spesjale jonge. Rap oan de bal, hy hat flair, mar kin ek opstannich wêze. In hiel talintfolle jonge. De kâns dat hy tsjin PSV minuten makket, is hiel grut." Cambuur is noch drok dwaande mei nije spilers. Der moatte noch trije spilers by neffens De Jong. In spiler dy't Mees Hoedemakers ferfange kin, in back en in oanfaller.

Boere mooglik yn de basis

Yn de Portugeeske media sirkulearret de namme fan Rafael Camacho fan FC Porto. "Ja, dat haw ik ek lêzen", seit De Jong. "Dat krije je dan opstjoerd. Ik tink dat it wol in goeie spiler is. Oft wy yn petear binne? Dat moatst my eins net freegje, want ik kin net lige. No ja, hast myn kop wol sjoen." It liket der ek op dat Tom Boere tsjin PSV yn de spits begjinne sil. "Noch efkes besjen", seit De Jong.
Calvin Mac-Intosch oer de wedstriid fan sneon
Cambuurferdigener Calvin Mac-Intosh wie tsjin Grins belutsen by de bysûndere goal fan FC Groningen yn blessueretiid. Mei in omhaal makke Strand Larsen de winnende treffer. Mac-Intosh hat in pear jier ferlyn op deselde wize in wedstriid tsjin Jong PSV beslikke. Hie hy in déjà vu snein? "Ja, na de wedstrijd wel. Toen hadden wij het geluk om de winnende goal zo te maken. Achteraf hebben we de goals fan FC Groningen geanalyseerd. Dan kom je wel op een aantal dingen die niet goed gingen. Dat is besproken."

"Het blijft een lastige opgave"

Krekt as trainer Henk de Jong is ek Mac-Intosh fan miening dat ynfallers by PSV in hiel goed nivo hawwe. Makliker sil it der net fan wurde as PSV derfoar kiest om guon basisspilers rêst te jaan. "De jongens die er dan inkomen, willen de trainer laten zien dat ze een plaats in de basis verdienen. Het blijft een lastige opgave."