Boargemaster Buma slút wer in drugspân yn Ljouwert

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat in hûs oan de Wiardastrjitte yn Ljouwert slute litten, omdat dêr in himpkwekerij fûn is. It wie de fiifentweintichste kear dit jier dat Buma in hûs of in oar gebou slute litten hat.
© Omrop Fryslân, Jorrit Meinsma
De plysje die der ein juny in ynfal en fûn in kompleet ynrjochte plantaazje, mei hast twahûndert planten, groeimiddels, lampen en in fentilaasjesysteem. It hûs bliuwt trije moanne ticht.