RIVM: 82 nije coronabesmettingen yn Fryslân

20 aug 2021 - 15:25

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 82 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne fjouwer minder as tongersdei. Doe gie it om 86 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 76 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 79, in wike lyn lei dat ek op 79.

De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân mei elk 12 gefallen.

Yn 5 Fryske gemeenten binne gjin nije besmettingen fêststeld. Dat giet om de Waadeilannen en Weststellingwerf.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen en ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien Fries mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan de gemeente Hearrenfean.

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.250. Yn trochsneed lei it tal lanlike besmettingen de ôfrûne wike op 2.385.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)