Fryske fraksjes PvdA en GrienLinks sjogge lanlike gearwurking wol sitten

De Twadde Keamerfraksjes fan PvdA en GrienLinks wolle gearwurkje om út de ympasse fan de formaasje te kommen. De fraksjes komme mei dy oplossing nei't VVD en CDA sein ha net mei beide partijen yn in kabinet sitte te wollen. Wat tinke de provinsjale fraksjefoarsitters fan PvdA en GrienLinks hjirfan?
© ANP
De PvdA en GrienLinks soene ree wêze om yn it ramt fan de koälysje nauwer mei inoar gear te wurkjen. De formaasje leit yngewikkeld, om't de PvdA en GrienLinks oanjûn hawwe dat se allinnich tegearre meidwaan wolle oan de koälysje. VVD en CDA sizze dat in fiifde partij net nedich is foar in mearderheid en boppedat soe in ekstra partij de koälysje ynstabyl meitsje.

Klam op oerienkomsten

De gearwurking soe betsjutte dat de PvdA en GrienLinks as ien blok meidwaan kinne yn de koälysje. Neffens Charda Kuipers, fraksjefoarsitter fan de fraksje GrienLinks yn de Provinsjale Steaten, moatte dan de ferskillen plak meitsje foar likenissen: "Er zijn absoluut verschillen, we zijn verschillende partijen. Maar er zijn ook overeenkomsten, en als je zoekt naar een coalitie moet je op zoek naar de overeenkomsten."
Fraksjefoarsitter fan de PvdA Hetty Janssen, dielt dy fyzje: "De problemen waar we op dit moment voor staan, er is zeer verontrustend klimaatrapport verschenen, de woningbouw zit vast, de landbouw heeft problemen. Dat zijn juist de thema's waarop GroenLinks en de PvdA wel heel dichtbij elkaar staan. En dat zijn ook de thema's die nu aangepakt moeten worden."
De ferskillen tusken de partijen binne neffens har minder wichtich. "De verschillen liggen op andere domeinen, daar moeten we maar zien hoe dat loopt, en daar rustig de tijd voor nemen. Je ziet in veel gemeenteraden dat GroenLinks en de PvdA elkaar op inhoud heel gemakkelijk vinden."

Dreech formaasjeproses

As de gearwurking tusken PvdA en GrienLinks trochset, soe dat in nije mooglikheid biede foar in koälysje. Dat de formaasje sa lang duorret, draacht neffens Janssen net by oan it fertrouwen ûnder de minsken: "Het klopt dat het allemaal veel te lang duurt, en dat wekt ook geen vertrouwen bij kiezers dat de politiek doortastend oplossingen gaat zoeken voor de problemen van deze tijd." Kuipers fynt it ek lang duorjen: "Ze mogen met z'n allen wel even wat meer opschieten."
De partijen moatte offisjeel noch mei in ferklearring komme oer de reewilligens om ynhâldlik gear te wurkjen.
Provinsjale fraksjefoarsitters fan de partijen reagearje