GGD-direkteur: "Sifers rinne op, noch te betiid om fan stigende line te praten"

20 aug 2021 - 13:24

De coronabesmettingssifers rinne wer wat op. En dan moatte de measte minsken noch weromkomme fan fakânsje, geane we aanst wer oan it wurk en nei skoalle. Wêr hat de GGD noed oer?

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Yn de ôfrûne wike is it tal besmettingen wat tanaam, fan 529 nei 542. Yn de groep 4 oant 12 jier naam it tal positive testen ta en dat wie ek sa by de groep 50 oant 60 jier. It tal coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen bleau sawat gelyk. Der wienen gjin stjergefallen.

Noed oer soarch

Yn ferpleech- en fersoargingshuzen testen 38 minsken posityf, wêrfan 25 bewenners. In wike earder wiene dat noch 23 besmettingen. "Yn de soarch rinne de sifers op, dat is wol nuodlik", seit Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân. "Dat moatte we wol yn de gaten hâlde. Minsken yn de soarchynstellingen binne kwetsber, se ha in minder goed ymmúnsysteem."

It is noch te betiid om te sizzen dat it tal besmettingen echt oprint. "Oer twa wiken kinne we sjen oft dizze taname in lytse hobbel wie of dat it echt om in stigende line giet. De skoallen begjinne ek wer en der binne yntroduksjewiken."

Teste

Minsken mei coronaklachten kinne sûnder ôfspraak har teste litte yn it WTC yn Ljouwert. "Dat dogge we om leechdrompelich te wêzen. Datst mei klachten net in thús-test dochst, mar datst fuort nei de GGD kinst. Dat is foar studinten ek maklik om har teste te litten." Foar oare lokaasjes moat wol earst in ôfspraak makke wurde.

GGD Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Faksinaasje

As de grutte faksinaasjekampanje yn oktober op syn ein rint, sil de GGD mear 'fijnmazig' wurkje. Mooglik is in tredde prik nedich. De Graaf ferwachtet dêr heal septimber in útspraak oer fan it regear. "Miskien moat elk jier in prik helle wurde, lykas de grypprik, of foar bepaalde groepen."

De GGD sil mear foarljochting jaan oan bern en jongeren. "Foar 18-plussers komme we mooglik mei pop-uplokaasje by skoallen en mei fuortset ûnderwiis-skoallen binne we ek yn oerlis."

Der binne yn de lêste wike 19.065 prikken set, dat is minder as dy wike dêrfoar. Mei elkoar binne 673.277 prikken set troch GGD Fryslân. Mear as 325.000 Friezen binne folslein faksinearre.

Margreet de Graaf fan de GGD

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)