Tjalling Koopmans College begjint mei hast 20 nije dosinten oan nij skoaljier

It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp begjint moandei mei in 'fris en bevlogen team'. Dat skriuwt de nije skoallieder Lars Engelse oan âlden en learlingen. Der binne hast 20 nije dosinten oannommen dy't dosinten ferfange dy't it ôfrûne jier ûntslein binne of út ûnfrede opstapten.
It Tjalling Koopmans College (SvPO Hurdegaryp) © Omrop Fryslân
Engelse hat yn it ferline dosint skiednis west op it Tjalling Koopmans dat mei sân oare skoallen yn Nederlân diel útmakket fan de Stichting Voor Persoonlijk Onderwijs, it SVPO.
Engelse is dêrnei skoallieder wurden fan de SVPO-lokaasje yn Utrecht en komt dus no wer werom. 'Ik kijk er enorm naar uit', skriuwt Engelse. 'Na alle commotie ben ik persoonlijk erg blij dat we de formatie rond hebben gekregen en met een fris en bevlogen team kunnen gaan starten'.
De skoalle siket lykwols noch fiif dosinten foar ûnder oare wiskunde, ekonomy en ierdrykskunde, sa is te sjen op de fakatuerewebside fan it ûnderwiis. Engelse lit dêroer yn in reaksje witte: 'Onze school laat zich er op voorstaan dat er vrijwel nooit lessen uitvallen en ook dit jaar is dat weer gelukt. Daarbij hebben we voor enkele vacatures gebruik gemaakt van een detacheringsbureau. Omdat we het liefst alle docenten het liefst in vaste dienst hebben, staan er nog vacatures open'.
Fierder jout Engelse gjin kommentaar. Oft en hoefolle learlingen de skoalle fanwegen de opskuor yn Hurdegaryp ferlitten ha, is net bekend.
Op it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp krije likernôch 370 learlingen les op havo- en vwo-nivo. Dat bart yn lytse klassen, sadat der mear oandacht is foar de yndividuele learling. It measte wurk wurdt dien op skoalle. Learlingen hoege thús hast neat mear te dwaan. Dat konsept makket dat learlingen út de hiele provinsje nei de skoalle yn Hurdegaryp ta gean.