De toan fan Joana Duarte: "Hjoed / Hoje"

"Hjoed is spitigernôch de lêste dei fan myn fakânsje yn Portugal. Aanst ferruilje ik myn âlde fertroude thús, Portugal, wer foar myn nije thús, Fryslân. Fansels fiele de kleuren, de geuren, de smaken en de temperatuer fan Portugal foar my tige fertroud; oan de rein en de kjeld fan Nederlân sil ik nea echt wenne.
Oan guon saken yn Portugal ergere ik my lykwols al doe't ik der noch wenne. Myn man fynt dat ik altyd sa folle oan it plannen bin, altyd sa op 'e tiid bin, en alles altyd sa effisjint mooglik organisearje wol. Hy neamt my somtiden by wize fan grap Dútser as de Dútsers, of "de Prusyske Portugese". No, dan is hy de mediterrane Fries, de ivige te-let-kommer, mei syn "akademyske kertierke".
Dochs binne der mear oerienkomsten tusken Nederlân en Portugal as ferskillen. Beide lannen hawwe in fergelykbere geografyske lizzing yn West-Europa, oan 'e kust, en fungearje as wichtige havens foar it efterlân. Beide lannen hawwe ek in haat-leafde-ferhâlding mei har grutte buorlannen: Dútslân en Spanje.
Yn de simmer tilt it yn Portugal op fan de Spanjerts, lykas dat mei Dútsers by ús it gefal is. Spanjerts prate gjin Portugeesk, mar Portugezen prate wol Spaansk. Of better sein: Portunhol. Ik haw my fertelle litten dat de situaasje mei Dútsers en Nederlanners eartiids itselde wie. Yntusken binne der mear Dútsers dy't Nederlânsk prate as oarsom. Dat sil ik nea begripe. Nederlânsk en Dútsk lykje sa bot op elkoar. Sûnder myn Dútsk hie ik nea sa maklik en sa gau Nederlânsk en Frysk leare kinnen.
Nederlân en Portugal hawwe ek beide in koloniaal ferline, mei de skaadkanten dy't dêr by hearre. Al wie de Portugeeske Gouden Iuw in goeie hûndert jier earder as de Nederlânske, mei ûntdekkingsreizgers as Vasco da Gama, Fernão de Magalhães (hjir bekend as Ferdinand Magellaan) en Cristóvão Colombo (ja, bêste minsken, Columbus wie gjin Spanjert, of in Italiaan, it wie in Portugees!). By my op skoalle waard de VOC-mentaliteit fan de santjinde iuw lykwols net bewijrikke. De VOC? Dat wiene piraten, barbaren, dy't de Portugeeske skippen oerfallen hiene!
Lykas Nederlânsk net allinne yn Nederlân en België praat wurdt, mar ek op de Antillen en yn Suriname bygelyks, is dat mei Portugeesk ek sa. It Nederlânsk stiet mei 24 miljoen sprekkers nei it Dútsk en it Ingelsk op it tredde plak, fan Germaanske talen yn Europa.
It Portugeesk wurdt mear bûten, as yn Portugal praat. Neist de tsien miljoen Portugezen yn Portugal, en de fiif miljoen Portugezen om utens, wurdt de taal praat troch twahûndertfjirtich miljoen ynwenners fan Angola, Brazilië, East-Timor, Guinee-Bissau, Sao Tomé en Príncipe, Kaapverdië, Goa in Yndia en Mozambyk, Malakka, Maleizië en Makau. De ferhâlding tusken it Portugeesk fan Portugal en it Portugeesk fan Brazilië liket op de ferhâlding Nederlânsk/Flaamsk; wy fersteane elkoar, mar wurdskat en útspraak ferskille.
Oer de Antillen: dêr is it Papiamentu in wichtige taal. Wisten jo dat dat in kreoalske taal is, basearre op it Portugeesk, mei in soad Nederlânske ynfloeden? Foar my is it net sa dreech te folgjen.
Op it mêd fan minderheidstalen docht Nederlân it better as Portugal. Nederlân ûndertekene it Europeesk Hânfêst foar it Frysk, it Nedersaksysk en it Limburchsk. Dat kin net sein wurde fan Portugal, dêr't like goed minderheidstalen praat wurde, lykas it Minrandeesk. It Mirandeesk is wol sûnt '99 erkend as in offisjele taal yn Portugal, en it wurdt sûnt de tachtiger jierren yn de regio Mirando do Douro op de basisskoalle ûnderwiisd. Sûnt 2006 binne der dêr ek twatalige plaknammen. Neffens de Wrâldtaalatlas fan de UNESCO is it Frysk "kwetsber". It Mirandeesk is lykwols "yn gefaar".
En dan, ta beslút, it Portugeesk en it Frysk. Dy talen hawwe neat mei elkoar te krijen, sizze jo? Net wier. Kognaten binne wurden út ferskillende talen dy't etymologysk in mienskiplike oarsprong hawwe, en sadwaande kwa foarm bot op elkoar lykje. Dy binne der genôch te finen as jo Germaanske en Romaanske talen mei elkoar fergelykje.
It Portugeeske wurd foar "bosk"? "Bosque". En "framboas"? "Framboesa". "Famylje"? "Familia". "Parkyt"? "Periquito". "Kamiel"? "Camelo". "Kabeljau"? "Bacalhau", in echt tradisjoneel Portugeesk miel. It Fryske sjoernaal, "Hjoed", soe yn it Portugeesk dan ek "Hoje" hjitte, mei deselde "stomme" h. Hoje, Oggi, Hjoed, Hoy, Heute... Dat binne kognaten. "Vandaag" heart net yn dat rychje thús. Ha! Sa sjogge jo mar, it Frysk liket somtiden mear op it Portugeesk as op it Nederlânsk."