Liveblog | 20 augustus 2021

Simmerblog: Simmer yn Drachtsterkompenije

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: sân wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden.
Lêst bywurke: 20 augustus 2021, 18:04
freed 20 augustus 2021
17:59

Goed wykein!

Hjirmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Nije wike binne we der wer. Oant dan!
17:58

Dit wie simmer yn Drachtsterkompenije

17:28

Ofslute by Nijsgjirrich

It team fan teeskinkerij Nijsgjirrich © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Yn it winkeltsje Nijsgjirrich is in bysûnder winkeltsje. "Wy ferkeapje hjir allegearre produkten dy't makke wurde op de soarchbuorkerij", fertelt Kersten van Kammen. "Der wurkje hjir ferskillende minsken, se komme oeral wei. Wy hawwe in gesellich team hjir." It winkeltsje en de buorkerij binne sosjaal wurkplak, "foar guont is it in deibesteging, foar oaren in stap nei in reguliere baan."
Nathalie wurket al alve jier by it winkeltsje © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Nathalie is ien fan de minsken dy't der wurket. Se wurket der al alve jier en hat it tige nei de sin: "Ik vind het hartstikke leuk om hier te werken."
By de teeskinkerij Nijsgjirrich by soarchbuorkerij Helianthus
16:39

Op besite by Johan Derksen mei in opname fan Wilfred Genee

© Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Mindert Kats nimt fan alles op mei de kamera, benammen dingen dy't mei it doarp te krijen hawwe. "Der wurde allegearre nije huzen boud en dêr meitsje ik stikjes film fan. Oer fyftich jier is dat allegearre bewenne."

Op besite by Derksen

Opnamen meitsje docht er al jierren en dat docht er no noch. "Eartiids op it wurk haw ik ek wol projekten dien mei de BAM en dat haw ik doe ek wol op film set, ek it Euroborgstadion yn Grins." By dat stadion wiene doe ûnder oare Johan Derksen en Wilfred Genee. "Ik frege doe noch oan Wilfred 'hoe giet it mei Cambuur?', 'och', sei er, 'Cambuur is hielendal weardeleas'. It is wol in Ljouwerter en wol in man dy't fan Cambuur hâldt, mar doe die er Cambuur ôf."
Kats hie it idee om dat stikje noch ris oan Derksen sjen te litten: "Doe haw ik dat stikje makke, ik bin der op 'e motor hinne riden. Ik haw oanbelle, en sa'n mantsje docht dêr iepen, Johan Derksen." Kats lei út dat er bylden fan Genee hie, "'kom binnen!', sei er. No, ik haw in hiele moaie middei hân. De doarren geane wol iepen ast der mei filmerij komst."
15:52

De skiednis fan Drachtsterkompenije

Ruurd Verbeek wit in soad oer de skiednis fan de Drachtsterkompenije, al komt er sels fan Blije. "Ik wenje hjir al 43 jier, en dan fiele je je ek aardich thús yn dit doarp." Benammen de skiednis fan it doarp yn de Twadde Wrâldoarloch fynt er moai: "Dêr haw ik it ien en oar fan útsocht wat mei de Kompenije te krijen hat. Dat binne ferskillende dingen, der hat in crash west yn '41, in RAF-fleantúch, en de bemanning is hjir begroeven."

Mear omtinken

Verbeek hat him der foar ynset om mear omtinken oan dit stikje skiednis te jaan. "Dêr haw ik doe mei oan 'e gong west, om dêr in stille tocht fan te organisearjen. Dus yn '82 haw ik foar it earst in stille tocht organisearre, dêr wiene beide skoalle by belutsen. En sa stadichoan is dat in hiele goeie gewoante wurden."
Ruurd Verbeek © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Troch corona moast de jierlikse stille tocht de ôfrûne twa kear wat oanpast wurde, mar "oars rint hast it hiele doarp út om mei inoar fan it skoalplein ôf nei it tsjerkhôf te rinnen. Der wurde blommen lein, it korps is derby, de Ingelske en Nederlânske folkslieten wurde spile, der wurdt in gedicht foarlêzen. It is in koarte seremoanje, mar wol ymposant."
Verbeek fynt it wichtich dat it ferhaal net fergetten wurdt en is dêrom bliid dat der in soad jongelju meirinne: "It moaie is dat de jeugd der hiel nau by belutsen is, ik makket dochs yndruk. En dat moatte se ek witte, dat moat ferteld wurde."
Ruurd Verbeek oer de skiednis fan Drachtsterkompenije
14:21

De Dors(t)vlegels "sleutelje" alle wiken oan âlde stoommasines en trekkers

In groepke fan tsien minsken út it doarp en omkriten komt wykliks byinoar om te "sleuteljen" oan âlde weinen. Chris Bosma is de foarsitter, it klupke hjit De Dors(t)vlegels en is ek offisjeel ynskreaun. Mei de stoommasines reizgje se oeral hinne, fertelt Bosma: "Wy fljogge mei de stoommasines nei Ingelân, Denemarken, Dútslân en neam mar op." Bosma hat krektlyn in nije masine út België kocht, dêr is de ploech no dwaande mei. "En as dit ding aanst klear is, stiet der noch in âld Scania neist de loads."
Chris Bosma fan De Dors(t)vlegels