Otter docht it goed yn wetterryk Fryslân

It giet wer goed mei de otter. Neffens saakkundigen sil it net gau wer foarkomme dat it bistje útstjert yn ús lân. Ek yn ús provinsje kin de otter goed oerlibje.
© Shutterstock
"It giet goed, mar dochs binne dit jier al 27 deade otters teld," seit Harry Bosma fan Wetterskip Fryslân en frijwilliger by it Fryske Gea. "Ferline jier wienen dat 43 yn Fryslân. Grutste oarsaak is it ferkear. We binne dwaande mei achterstân fan kapotte rasters."
De otter komt yn de hiele provinsje foar. "Dat is geweldich. Yn de trije noardlike provinsjes is in frij grutte populaasje. Fryslân is it fisitekaartsje foar de rest fan Nederlân. Yn de Biesbosch hat bygelyks noch noait in otter west. Troch de skjinne wetters en natuerfreonlike wâlskanten kin de otter hjir prima libje en Fryslân is in wetterprovinsje."
Harry Bosma