Afganen yn azc Burgum: "As wy weromkomme nei Afganistan, bliuwt der neat fan ús oer"

Seis jier binne se al yn Nederlân, Gholan en Ozra Rahimi út Afganistan. Op it stuit wenje se mei harren soantsjes Taha en Isa yn it azc yn Burgum. Se hâlde op telefyzje nau yn de gaten wat der bart yn harren heitelân, dêr't se jierren lyn weiflechten.
De famylje Rahimi hat gjin hoop mear:
De Taliban hawwe de macht oernaam. It skrikbewâld dat de terreurorganisaasje tweintich jier lyn yn Afganistan fierde, binne de Rahimi's net fergetten.
"Ik ha der in min gefoel by", leit Gholan Rahimi út. We praten mei him fia in Farsi-telefoantolk. De Rahimis prate sels Dari, mar hawwe jierrenlang yn Iran wenne en prate dêrom ek de taal fan dat lân. "Wy sjogge dat minsken ferdreaun wurde. Se binne yn panyk. Yn it ferline plegen de Taliban in soad bomoanslaggen. Alderein, jongerein, sels bern waarden fermoarde. No wurdt dat slimmer om't de Taliban sels oan de macht binne."

Hûndert jier werom yn 'e tiid

Gholan en Ozra hawwe gjin famylje of bekenden mear yn Afganistan. Mar se witte mar al te goed hoe slim oft de situaasje wurde kin. "De Taliban kenne tsjinoer gjinien genede. Se meitsje alles kapot. Skoallen, moskeeën, alles wurdt ferwoaste."
Gholan ferwachtet dat it libben allinnich mar dreger en dreger wurde sil yn syn heitelân. "Der sil gjin perspektyf mear wêze. Bern sille gjin ûnderwiis mear folgje kinne. As wy weromkomme, bliuwt der neat fan ús oer."
It weromlûken fan de Amerikaanske troepen út it Midden-Easterske lân wurke as in katalysator. It makke frij baan foar de opmars fan de Taliban. Gholam sjocht op 'e nij ynminging fan bûtenôf lykwols net as oplossing fan de problemen. "De Afganen moatte harren sels ûntfermje oer harren takomst en de weropbou fan harren lân", leit Gholan út. "Ik tink net dat oare lannen dêr wat oan dwaan kinne."

"Ik ha gjin hoop"

Da Rahimis binne al twa kear útprosedearre. Se wiene dwaande mei in tredde proseduere, mar foardat de rjochter útspraak dwaan koe, eskalearre de situaasje yn Afganistan. It Nederlânske regear hat besletten de kommende seis moannen gjin Afgaanske asylsikers út te setten.
Foar no sitte de Rahimis dus relatyf feilich yn it asylsikerssintrum. Gholan: "Ik bin op leeftiid en oan it ein fan de rit, dus ik sil der net in soad mear fan meimeitsje. Mar ik haw gjin hoop."
Grutste noed is no de takomst fan Taha (7) en Isa (6), as se dochs it lân útset wurde. De bern hawwe noch nea yn harren libben yn Afganistan west, want se waarden berne yn Turkije en Nederlân. "Myn bern hawwe gjin takomst yn Afganistan", sa seit Gholan.