Spikerdoarp Hallum mooglik foar it lêst: "Maar we zetten alles op alles"

Ferline jier koe it spikerdoarp yn Hallum net trochgean fanwegen it coronafirus, en dêrom hiene se der dit jier ekstra nocht oan. Mar it soe sa mar ris de lêste edysje wêze kinne. De hutten meie nei ôfrin net mear yn de brân stutsen wurde en dus moatte se nei it stoart. En dat kostet de organisaasje jild.
De bern hiene it spikerdoarp mist:
De gemeente Noardeast-Fryslân hat it ferbrânen fan it hout ôfkard om miljeuredenen. Foar de organisaasje sit der dus neat oars op as de houten hutten te slopen en nei it stoart te bringen. "Het voelt een beetje als een kleine deceptie", seit de organisaasje. "De afsluiter van het feest missen we nu dus gewoon, en dat na bijna dertig jaar!"

Dûbeld

Dêrneist bringt dizze nije maatregel ek noch nije kosten mei, om't se der no foar betelje moatte. "Het voelt wat dubbel. Want we hebben nu dus hogere kosten, maar ook krijgen we minder subsidie voor het spikerdoarp sinds de fusie van de gemeenten", seit Saakje Krikke fan de organisaasje.
Dochs bliuwt de organisaasje posityf en sette se alles op alles om it spikerdoarp yn Hallum organisearje te kinnen. "Die dertig jaar is niks voor niks geweest en daar moet op z'n minst nog 30 jaar bij", seit Krikke.