Fryske kampearders lûke harren neat oan fan wiete waar

Der liket mar gjin ein te kommen oan de reinbuien de ôfrûne dagen. Kampearders op de campings De Swichumer Pleats yn Swichum en It Krúswetter yn Easterlittens lûke harren der net in soad fan oan. Aad en Hannie Mulder út Nunspeet ha noch lang harren nocht net: "We willen Fryslân nog meer verkennen."
Kampearders litte harren fakânsje net ferreine:
It is rêstich op de camping yn Swichum. Kampearders ha in drûch plakje yn harren tinte of caravan opsocht. Neffens de eigener fan de camping wie it foarige wike in stik drokker.
De foartinte fan Aad en Hannie is hast hielendal leech. Se pakke yn: "We gaan er morgen weer vandoor, we vertrekken naar een andere camping in Bakkeveen", leit Aad út. Kleie oer it waar, dêr docht it pear net oan. In dei nei it Waad, fytsrûtes folgje en as it echt min waar is puzelje, lêze of hânwurkje. "We vermaken ons prima."

Krúswetter

Op It Krúswetter yn Easterlittens is it drokker. Wylst it wat opklearre is sitte de minsken yn de foartinten. Guon kampearders stean hjir moannen lang, lykas Ger Zonneveld, dy't ûnder in paraplu al in pear oeren oan it fiskjen is oan it Krúswetter. "Het is windstil, dat is prettig. Jammer van de regen, maar daar hebben we geen grip op."
Se krigen min waar oer harren hinne dit seizoen. Wetteroerlêst, mar ek hurde wyn. Hy wurdt der net waarm of kâld fan. It heart der by.

Boatsje farre

In húshâlding út Menaam is net fier fan hús. Sem en Bertus hawwe beide in rubberboat mei. As it in bytsje kin, dan binne se op it wetter te finen. Krekt foar de angels fan Ger Zonnveld skuorre se oer it it Krúswetter. De fisker lit it gewurde."Se ha fan 'e wike de nije Kameleonfilm sjoen", ferklearret mem.