Fryske bedriuwen profitearje fan ferbou-drokte: "De oanfragen streame binnen"

De bousektor hat it tige drok: in soad minsken ferbouwe it hûs en benammen lytse boubedriuwen profitearje dêrfan, sa docht bliken út nije sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.
Douwe Pieter en Jacob Reitsma wurkje sûnt 2019 as zzp'ers tegearre, mar sa mâl as dit jier hawwe sy it noch net earder meimakke. Eins soene de manlju noch fakânsje hawwe, mar sy binne al wer úteinset mei it wurk.

Wachttiden

"It is hartstikke drok, de oanfragen streame binnen", seit Douwe Pieter Reitsma. "De wachttiden rinne op: gewoanwei hiene minsken binnen twa wiken in offerte, no moatte minsken somtiden wol acht wiken wachtsje."

Lytse boubedriuwen profitearje

De drokte yn de bou lit him ek weromfine yn de sifers. De omset yn de bou lei yn it twadde fearnsjier wol 9,3 persint heger as in jier earder. Dat is folle heger as de perioaden dêrfoar. Ek yn de hout- en boumateriaalyndustry gie de omset omheech, mei 8,6 persint.
Lytse boubedriuwen profitearje it meast, sa docht bliken. Yn trochsneed is de groei yn it twadde fearnsjier sa'n 14,1 persint. Der wurdt ek mear boud en it tal falliseminten giet al in jier omleech.
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Mar ek by de grutte boubedriuwen rint it stoarm, sa sjocht Gerard van der Duim, direkteur fan Lont. "It hat noch nea sa drok west. Wy sizze op it heden faker nee as dat wy mei wat meidwaan kinne."
It giet by de Reitsma's benammen om ferbou en isolaasje fan huzen, mar ek om oanboutsjes. "Oan de iene kant is it ferfelend, oan de oare kant binne je wol wis fan wurk", seit Reitsma.
Van der Duim fynt dat it wol wat rêstiger kin. "Je fernimme it by leveransiers, by opdrachtjouwers. Dat hoecht net altyd goed te wêzen, dus ik tink dat it foar elkenien better wêze soe as it in stapke rêstiger wurdt."

Materiaal- en personielskrapte

Wat in grut probleem is: de beskikberens fan materiaal. "De levering fan materiaal is in probleem dat hieltyd grutter wurdt. It is suver net mear by te hâlden wat no wol en net leverber is. As it net yn de planning past en de klant wol it dochs foar in bepaalde datum klear, dan moatte wy gewoan 'nee' ferkeapje", jout Reitsma oan.
Net allinne oan materiaal is krapte, somtiden ek oan personiel. "Wy binne ek wolris wat ôfhinklik fan help fan zzp'ers. Wy wurkje tegearre, mar faak hawwe wy ek wol oaren om ús hinne nedich. As dêr krapte is, dan hawwe wy dêr ek fan te lijen."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers by boubedriuw Reitsma yn Hurdegaryp